Arjan Hut: Fan Boomsma en de Bom

maart 15, 2023 12:38

foar my oer in echt pear
op jierren: 70 likernôch
in petear yn sêfte wurden,
mei fingerwizen en in
roltsje king
achter it glês gliedt
de skieding tusken grins-
en fryslân
ûngemurken
by ús lâns

‘Maak van uw scheet een donderslag’, sjongt Herman Brood mei de Breedbekkikkers. It ferske út 1979 klinkt oer de boksen yn it tydlike kafee De Gouden Leeuw op de Bûterhoeke yn Ljouwert. Even letter is it ‘Banger hart’ van Rob de Nijs. Tapaslik, allebeide, want ik sil oer in gedicht fan Joop Boomsma (1944-2017) skriuwe, dat hjit fan trein fan 10.14. Yn it gedicht hinget de driging fan de ein fan de tiden oer it spoar.

in skok, in stop
yn visvliet

Joop Boomsma (boarne: Sirkwy)

Is Boomsma al in fergetten skriuwer en dichter? Ik bin foaral bekend mei syn poëzij en ien fan syn bondels, waskje op mendje, stiet yn ien fan de boekekasten fan it simulearre brune kafee. De boeken yn de kasten komme foar in part út de neilittenskip fan Boomsma syn generaasjegenoat Josse de Haan (1941-2020). De Haan wie ek de gearstaller fan Boomsma bliuwt omt jo dat wolle (2008), in blomlêzing út it iere wurk fan de skriuwer dy’t benammen as auteur fan misdiedromans te boek stiet. 

‘laat de neutronenbom niet barsten,
wij willen leven’
wite kalk 
op reade stien

By de nijjiersgearsit fan it Skriuwersboun wie der even gelegenheid om wat foar te dragen, al hie net elkenien eigen wurk mei of in gedicht yn de holle paraat. Omdat ik yn waskje op mendje siet om te bledderjen en it iepeningsgedicht trein fan 10.14 werlies, miende ik dat it typyske jierren-80, kâlde oarlochsfers dochs wer tige aktueel is. De bondel ferskynde by de Q yn de Cumulusrige begjin 1986. Myn eigen eksimplaar, grif by in antikwariaat wei, is sinjearre, al kin ik net sjen oft it de hantekening fan de dichter sels is. It moat hast wol. It is foar my in nijsgjirrige bondel omdat it fielt as in brêge nei de gemeente Achtkarspelen, de gemeente dêr’t ik opgroeide, semy-bewust fan nukleêre driging. Minsken wiene ‘tsjin de bom’; ferskes (De bom, Doe Maar of The final countdown, Europe, en wylst ik typ draait hjir Over de muur, Klein Orkest) gongen oer de ein fan de wrâld troch in atoombom, mar foar my wiene it gewoan … ferskes.

It sêft petear wurdt hommels swijen
en wy kypje trijerisom
ta ‘t finster út

Boomsma skriuwt oer Rottefalle, oer Houtigehage, plakken dy’t ik ken, en rydt mei de trein fan Bûtenpost nei Grins. Dy trein, hoe faak ha ik dêr sels wol net yn sitten? Ja, letter, yn in oare tiid. Yn de jierren njoggentich wie de kâlde oarloch foarby. Gjin nukleêre driging mear. Yn dy tiid ha ik foar it earst waskje op mendje lêzen en de eangst dy’t de dichter mei it âldere pear dielt, fielde patetysk en achterhelle. In aansichtkaart út it ferline. Hoewol, Boomsma skriuwt fan ‘echt pear’, twa losse wurden, in nijmoadrige ynfloed út de USA dêr’t de korrektoaren fan hjoeddei it mier oan ha! (Hoewol ik tink dat it poëtysk bedoeld is, in echt pear, se hearre werklik bymekoar. Dat falt op te meitsjen oan harren mienskiplike sêfte praten, it tegearre nei bûten sjen en wizen, it dielen fan pipermuntsjes.)

de trein rydt fierder
grinslân yn
hoeden wurdt it roltsje king
myn kant útstutsen:
‘hawwe jo ek bern?’

Biolooch Ko de Korte (1943), ek in generaasjegenoat fan Boomsma, helle yn in resint ynterview yn de Trouw út nei klimaataktivisten dy’t jin mar warskôgje foar ‘het einde der tijden’ en ús konsumpsjemaatskippij dêrfoar as skuldige oanwize. Mar hja ‘gaan zelf onverdroten voort met het verwekken van kinderen terwijl dát misschien wel het grootste probleem zou kunnen zijn: de enorme bevolkingsgroei.’ In Fryske skriuwer dielde it op har Facebook, mei it berjocht dat se it hiele artikel mei nocht lêzen hie. Pier Boorsma ken Ko fan syn studintetiid. My foel benammen it kontrast op tusken de âlde biolooch en de santigers yn it fers fan Boomsma. Wylst it stel mei de dichter de eangst foar de bom, en de takomst fan harren neiteam diele, is De Korte foaral op ‘e teannen trape troch it ferwyt dat hy fynt yn de warskôgings fan no. Hy wiist mei de finger, mar hiel oars as it stel yn de trein.

It leit him net oan Ko. (boarne: Trouw)

‘hawwe jo ek bern?’

Sa slút Boomsma syn gedicht ôf. Libje ûnder de driging fan in atoomoarloch, de ôfbraak fan de biodiverstiteit, de opwaarming fan de ierde, de comeback fan it nasjonalisme, och, jo soene yn 2023 suver werom langje nei de jierren 80! No fjochtsje we mekoar mei ús mienings as swurd de tinte út fia allerhanne sosjale media. Nee, dan wie de nukleêre driging fan doe yn ferliking smûk. It brocht de minsken wat bymekoar. (Wilens sjonge de Beatles ‘Help me if you can I’m feeling down’.) Ik sjoch it foar my, hoe’t Boomsma in pipermuntsje út it roltsje King oannimt, en wilens, ûnder it sobbeljen, op de achterkant fan syn papieren treinkaartsje – mei in pinne liend fan de kondukteur – gau oantekeningen makket. 

boarne: stationsweb.nl, it âlde stasjon Visvliet hat de tiid net oerlibbe.

maart 15, 2023 12:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.