‘Everything Everywhere All at Once’ grutte winner by de Oscars

maart 13, 2023 08:28

Everything Everywhere All at Once hat sneintejûn in histoaryske oerwinning behelle by de Oscarútrikking. De film mei syn libbenslessen oer waskguod en belestingen wûn sân prizen, ûnder mear foar bêste film, regy, aktrise en manlike byrol.

Foto: Wikipedia/BDS2006 (talk) – CC BY-SA 3.0

Michelle Yeoh skreau skiednis troch as earste Aziatyske frou it byldsje te winnen. “Oan alle jonkjes en famkes dy’t thús sjogge en derút sjogge lykas ik, dit is in beaken fan hoop. It bewiis dat as men grut dreamt, jins dreamen útkomme kinne”, se de aktrise, dy’t yn Maleizië berne is. “En dames, lit net ien jim ea fertelle dat jim jim bêste tiid hân ha”, heakke de 60-jierrige aktrise deroan ta.

Regisseur Daniel Scheinert, dy’t mei syn kollega Daniel Kwan wûn, droech syn regypriis foar de absurde aksjedramakomeedzje op oan alle memmen wrâldwiid en syn eigen yn it bysûnder. Kwan spruts yn syn tankwurd ek oer syn âlden, dy’t eartiids nei Amearika ymmigrearren.

EEAAO, oer in wrakseljende mem dy’t troch ferskillende werklikheden reizget om har húshâlding te rêden, wûn ek in Oscar foar it aktearwurk fan Jamie Lee Curtis. Hja fersulvere dêrmei har earste nominaasje yn in karriêre fan 45 jier. “Shut up”, sei se ferskrikt doe’t har namme neamd waard. Op it poadium betanke se de filmploech en al har fans, dy’t har folgen fan de horrorfilm Halloween oant har rol as libbensgefaarlike belestingynspekteur yn EEAAO. Hja stie koart stil by it feit dat se mei it winnen fan de Oscar berikte wat har âlden Tony Curtis en Janet Leigh beide nea slagge: hja griepen beide neist harren nominaasjes.

Brendan Fraser wûn de Oscar foar bêste akteur foar syn rol yn The Whale. Hy stie yn syn tankwurd stil by it feit dat er tritich jier lyn begûn is yn Hollywood en mei de film weromkommen is.

Oare films mei in protte nominaasjes kamen der minder foarwei. Elvis en Top Gun: Maverick moasten it elk mei mar ien priis dwaan. The Fabelmans oer it libben fan regisseur Steven Spielberg seach sân kânsen oergean en de ploech fan The Banshees of Inisherin hiene allinnich in reüny mei de ezel Jenny út harren film. It Dútske oarlochsdrama Im Westen Nichts Neues die it in stik better. De film sleepte lykas ferwachte waard de priis foar bêste ynternasjonale film yn ’e wacht, en skreau fan njoggen nominaasjes ek prizen foar dekôr, kamera en muzyk op syn namme.

Yn de kategory bêste dokumintêre wûn de film Navalny, oer de neisleep fan de fergiftiging fan de Russyske opposysjelieder Aleksej Navalny. Syn frou Yulia spruts by de útrikking. Navalny sels sit noch hieltyd yn in finzenis yn Sibearië opsletten.

maart 13, 2023 08:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.