‘Enerzjiker taalbelied fan provinsjes nedich’
Resint ferskynd
Taal spilet net sa’n grutte rol yn de kampanjes foar de ferkiezingen. De Ried fan de Fryske Beweging joech lêstendeis al omtinken oan it Frysk yn de ferkiezingsprogramma’s, ûnder oare op It Nijs. En ferline wike (4 maart) stie der in skôging fan taalkundige Leonie Cornips yn deiblêd Trouw oer it belang fan regionale talen en dialekten en de rol dy’t provinsjes dêr neffens har yn nimme moatte. Hja wurket as taalkundich ûndersiker by NL-Lab en it Meertens Instituut en as Bysûnder Heechlearaar Taalkultuer oan de Universiteit fan Maastricht. Hjirûnder wiidweidige yn it Frysk oersette sitaten út dy skôging.
Taal en provinsjes
Leonie Cornips set útein mei it skilderjen fan de hjoeddeistige taalsituaasje yn de ferstate provinsjes: “Provinsjes binne taalpolitike krêften. Sa slagge it Fryslân en Limboarch ein njoggentiger jierren om suksesfol in offisjele erkenning yn ’e wacht te slepen foar it Limboarchsk en Frysk as regionale talen ûnder it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en minderheidstalen. De noardeastlike provinsjes slaggen dêryn foar it Nedersaksysk. Sûnt dy tiid kinne dy provinsjes in eigen taalbelied útsette foar alle sprekkers foar wa’t dy regionale taal njonken it Nederlânsk in deistige thústaal is. Yn 2019 lei it CBS de fraach foar: ‘Hokfoar taal of dialekt prate jo thús it measte?’ Zoome we yn op de provinsjes, dan sprekt yn Limboarch neffens dat ûndersyk 48 % fan de ûnderfrege persoanen Limboarchsk, yn Fryslân 40 % Frysk. Foar it Nedersaksysk jildt: 31 % yn Drinte, 26 % yn Grinslân en 24 % yn Oerisel. De Taalunie wegere in selde erkenning foar Brabân en Seelân, wylst in soad dêr likegoed thús meastentiids dialekt prate – 17 %, neffens it CBS. Sjoch dêr de taalpolitike krêft, de ien kriget Europeeske en nasjonale erkenning en dus beskerming, de oar net.“
Taal en minsken
Neffens frou Cornips is de eigen taal foar minsken tige wichtich: “It belang fan in regionale taal of dialekt is net te ûnderskatten. De grutte gemiene dieler is eigenheid en ferbûnens. Sprekkers belibje harren taal as unyk foar de eigen streek en provinsje. Dat hat gefolgen foar de polityk: it is in wichtige reden dat weryndielingen emoasjes en protesten meibringe. Net allinne de namme fan de gemeente of provinsje feroaret dan, mar dêrmei ek de namme fan datjinge dat men praat – bygelyks fan Heerlensk nei Parkstadsk (nei de gemeentlike weryndieling). Sprekkers fan in dialekt of regionale taal binne bang dat it kwetsbere eigen en unike yngripend wizige of sels útwiske wurde sil. Ut taalkundich perspektyf wei bestiet der net sokssawat as it Limboarchsk yn Limboarch of it Frysk yn Fryslân; krekt likemin as ‘it’ Nederlânsk yn Nederlân. Gjin inkeld sprektalich ferskynsel omfiemet in hiele provinsje of lit him beheine troch provinsjegrinzen. It Frysk ken dialektgroepen: Klaaifrysk, Wâldfrysk en Súdwesthoeksk. Tinke yn talige ienheden is dus net fanselssprekkend. Mar we dogge it wol, want hoe’t we prate neame we nei gemeentegrinzen: Mestreechsk, Haachsk. Of nei provinsjegrinzen: Frysk, Brabânsk. Of nasjonale grinzen: Nederlânsk, Dútsk.”
Taal en plak
Neffens frou Cornips kin taal net los sjoen wurde fan geografyske ienheden: “Nei ús gefoel sit taal fêstklonken oan ‘de grûn’ of oan ‘de boaiem’, oan klaai, sân, fean of löss. Dy boaiems binne ús dierber, omdat wy der in spesifike sosjale betsjutting oan takenne. Se ferskille ommers faninoar: de Amsterdamske boaiem hat in oar karakter as de Zweelooske. Immen fertroude my ta dat Noard-Limboargers klanken yn har dialekten hurder útsprekke as Súd-Limboargers fanwegen de ûnfruchtbere Peel foar de rike löss oer. Is dy nâlestring tusken taal en grûn posityf te brûken sûnder him troch te knippen? It tinken yn territoriale en administrative grinzen slacht al desenniums foar master op. Taalkundigen fuorje sels it idee dat taal territoriaal ferankere is. Se skriuwe ommers grammatika’s en wurdboeken fan it Katwyksk, Fenleas, Siuwsk, Rotterdamsk en Nederlânsk. It stribjen nei taalienheid as symboal fan lokale en dus politike ienheid berikte yn de njoggentjinde iuw in hichtepunt yn de idee dat taal, folk en lân ien-op-ien ferfrissele binne. Taal as utering fan it folkskarakter en as manifestaasje fan de nasjonale identiteit; en út soarte yn de taal ûnderskate it iene folk him fan it oare.”
Taal en groepen
Lykwols moat sok njoggentjinde-iuwsk tinken oer taal, dat noch hieltyd tige aktueel is, neffens frou Cornips kritysk besjoen wurde: “De taalkundige praktyk is faak in kwestje fan selektearjen, fêststellen en beskriuwen fan ‘eat’ as aparte taal, lykas it Frysk, it Nederlânsk, strjittaal, sms-taal, skoalbern en Ingelsk. Dêrmei docht him ûnmiskenber in foarm fan groepstinken foar, dêr’t sprekkers sosjaal groepearre en ûnderling yn kontrastearre wurde. ‘Groningers zijn slordig – zo is hun taal – luister maar naar het inslikken van de toonloze e in loopn in plaats van lopen’ of ‘de inwoners van ‘t Gooi zijn beschaafd – zo is hun taal en Gooise r – luister maar naar hun verzorgde uitspraak.’ Of ‘Marokkanen binne sa – dus sprekke dyen sa.’ Stereotypearring generearret dan kant en klear de ûnderstelde karaktertrekken dy’t oan dy groepsidentiteiten taskikt wurde. Mar groepen binne noch yn harren gearstalling, noch yn harren ûnderlinge relaasjes statysk, iendiminsjonaal of foarsisber. Hoe’t in melkfeehâlder of Limboarger him tsien jier lyn útdrukte is oars as no. Lykas yn de boaiems is der bioferskaat: gemeenten, provinsjes en naasjesteaten wiene en binne altyd meartalich. Dy meartaligens moatte we breed sjen en koesterje. Se is in rykdom.”
Provinsjes en taal
Leonie Cornips konkludearret dat provinsjes folle mear omtinken jaan moatte oan taalferskaat: “Yn 2018 konstatearre in kommisje ûnder de paraplu fan de KNAW dat it min liket mei it taal- en kultuerûnderwiis yn ús multykulturele en meartalige maatskippij. It omtinken foar talen ferminderet yn it foardiel fan allinnich mar Ingelsk. Der ûntbrekt fyzje op hoe meartalige kompetinsjes yn te setten, wylst goed taalbelied likegoed diplomasy, hannel, ekonomy, soarch, sport, plysje, bou en yndustry fuortsterkje. In kommisje fan ûnôfhinklike eksperts, dy’t kontrolearje oft nasjonale oerheden it Europeeske Hânfêst neilibje, konstatearret hieltyd wer dat Nederlân op dit mêd better syn bêst dwaan moat. Myn boadskip is dêrom: Toan krêft, lit alle provinsjes enerzjiker taalbelied fiere, dêr’t de hiele meartaligens in plak yn kriget, ûnderbrocht by bygelyks deputearren fan kultuer. Meartaligens heart dêr thús, omdat minsken troch taal kultuer produsearje, en taal sels fansels ek wer it hert fan de kultuer foarmet dy’t minsken mei-inoar ferbynt. Sa kinne se kultuerpartisipaasje en -edukaasje foar de jongerein eksplisyt op de wurklist krije. Provinsjes binne taalpolitike krêften, lit har dy krêften ek brûke foar de spesifike dynamyske meartaligens yn harren regio.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje