Ein fan papieren krante is deunby, ek yn Fryslân

maart 4, 2023 11:27

Ynstjoerd

Kerst Huisman (eigen foto)

“Hoofdblad van Friesland”: Sa grutsk stiet it noch elke dei op de foarside hielendal boppe-oan fan de âlde Ljouwerter Krante. Ik tink dat it de heechste tiid wurdt dat wy yn Fryslân mei de beide fuotten op de grûn komme te stean. Ea in krante mei in finansjele en dus ek sjoernalistike posysje dy’t der wêze mocht, is it blêd no in ûnderdiel fan it Benelux-grutte Mediahuis. Dat mei finansjeel hiel oantreklik lykje, mar foar de sjoernalistyk, de nijsfoarsjenning en de kultuer yn de Fryske regio is it in streekrjochte ramp.

Ik tink werom oan myn jierren by de Friese Koerier (1966-1969). De Koerier wie dúdlik in blêd mei in eigen sjoernalistyk lûd, dat goed paste by de doe noch reade Súdeasthoeke fan Fryslân, mei syn ferhalen fan arbeidersskiednis en -ferset. Ja, neiteam fan liberale Biltboeren en grifformearde Dongeradielsters, jimme lêze it goed: ek dy Súdeasthoeke wie en is Fryslân.

Der is in ferhaal, dat de eigeners en útjouwers fan de Koerier, de kommissarissen fan Je Maintiendrai (JM), de Koerier sa lang yn stân holden hawwe om in tsjinwicht te foarmjen tsjin de ynfloed fan it kommunistyske deiblêd De Waarheid. Doe’t dy ynfloed yn de Súdeasthoeke al mar lytser waard, koe de Koerier ek wol ferdwine. Want der moast fan de Friese Pers, útjouwer fan de folle better draaiende Ljouwerter Krante, hieltiten jild by. Want “JM” wie foar de helte ek eigener fan de LC.

Wy wisten soks op de redaksje fan de Koerier ek wol. Kollega Rink van der Velde, doe ek al bekend as Frysk skriuwer, kaam ris mei in fernimstich idee. Dat kaam derop del, dat regionale kranten yn Nederlân mei-inoar, skouder oan skouder, ien mienskiplike printerij stiftsje moasten dêr’t al dy regionale kranten printe wurde koene. Want krekt it ûnderhâlden fan in eigen parse en in eigen printerij by elk deiblêd, koste in soad jild. Dat soe al dy kranten by steat stelle om polityk ûnôfhinklik te bliuwen. Spitigernôch is dat nea wat wurden. De kommissarissen fan “JM” hiene oare plannen.

Fan dy liberale ûnôfhinklikens, dêr’t de LC om bekend stie, is ek neat mear oer. Al dy papieren kranten yn Nederlân, it is allegearre Koekoek-Iensang. Jo kinne it ek elke dei sjen oan de LC, dy’t fol stiet mei stikken fan sjoernalisten dy’t wurkje by oare kranten. Dy stikken sweve sûnder ien probleem dat makket, fan de iene krante nei de oare. De iene dei lêze jo sa’n stik yn de NRC of Telegraaf, en de oare deis kinne jo itselde stik nochris oerlêze yn de LC. Finansjeel o sa noflik, mar de dea foar de ûnôfhinklike sjoernalistyk.

No stiet der yn/op Villamedia, it blêd en de webside fan de Nederlandse Vereniging van Journalisten (NVJ) in hiel nijsgjirrich ynterview mei Gert Ysebaert, “CEO” fan it Mediahuis. De kop boppe it stik seit al genôch: “Einde van papieren krant is dichterbij dan we dachten”. No, as sels de grutte baas fan de âld Ljouwerter it seit, meitsje dy dan mar klear foar grutte feroaringen yn it Fryske medialânskip. Hiel ynkoarten. Faaks kin “It Nijs” yn dit gat springe.

Hjir is it ynterview te lêzen.

Kerst Huisman

maart 4, 2023 11:27
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Cor Jousma maart 6, 13:07

    [Faaks kin “It Nijs” yn dit gat springe.]

    Bêste Kerst,

    No de fuotten mar wer op ‘e grûn. It Nijs en De Nije sille nea dat gat folje kinne. De Moanne kin mei alle subsydzje al net iens alle moannen útkomme.

    No hat der yn ‘e Ljouwerter noch nea safolle Frysk stien as hjoed-de-dei!

  2. Kerst Huisman maart 8, 09:36

    Bêste Cor, Ik tink dat’s do net krekt begrepen hast wêr’t it my om giet. Fansels kinne It Nijs en De Nije fan no nea dat gat folje. Wat De Nije oanbelanget, dat is hielendal dúdlik. Dêr stie allinnich nijs oer de Fryske taal yn. Dat is in fierstente meger oanbod. In krante lykas de LC dat wie, heart yn it foarste plak safolle mooglik it nijs út Fryslân te bringen. Om ris in foarbyld te neamen: De âld Ljouwerter hie ea in soad lêzen side dy’t “Van en uit de buurt” hjitte. Ek de Koerier hie eat ferlykbers. Mar dat is allegearre fuort. Dy rubriken befetten in soad “lyts nijs” út doarp en stêd. Dat wol sizze: koarte ferslachjes fan ferieningsgearkomsten, útslaggen fan keatspartijen en reedriderijen, en noch folle mear. Foar it garjen fan dat nijs beskikten de kranten oer in grut tal korrespondinten yn dy plakken, dy’t dêr ek wat foar betelle krigen. Dy korrespondinten kamen ek nochal ris mei nuttige tips foar ferhalen dy’t troch de sjoernalisten fan de kranten skreaun waarden.
    Fansels: de wrâld en de minsken binne feroare. No wurdt al fierstente gau sein: de minsken komme foar soks net mear út harren stoel. Mar der binne yn de doarpen en stêdswiken – Ik tink bygelyks oan stêdbuerten as de Hollanderwyk en de Wielenpolle yn Ljouwert, dy’t ik it bêste ken – echt wol minsken dy’t foar in lytse fergoeding wol sok ’lyts nijs’ leverje kinne. Net iens om it jild, mar omdat se tige belutsen binne by doarp of stêdswyk. Dat hoecht echt net yn geef Frysk of geef Nederlânsk. Dat krigen wy destiids by dy kranten ek net. Ferbetteringen waarden oanbrocht troch de redaksjes fan de krante sels.
    Do skriuwst no wol dat der yn ‘e Ljouwerter noch nea safolle Frysk stiet as hjoed-de-dei, ik tink dat der yn myn tiid nochal wat mear Frysk yn de Ljouwert stien hat as no. Mar ôfsjoen dêrfan, ik fyn dat soks net in sjoernalistyk kritearium is. It is wol in tipysk Bewegingskritearium. As it mar yn it Frysk is, dan is it goed, it sil ús woarst wêze wat de ynhâld fan sa’n berjocht is. Yn dy doarpsnijsrubriken stienen ek wol berjochten yn it Frysk. Dy koenen oer in feriening gean of wat oars, mar se waarden wol lêzen, omdat it de leden fan sa’n feriening ynteressearre. Dat wie echte taalbefoardering.
    By de kranten dêr’t ik oan ferbûn west haw, hienen wy ek nijs en kommintaren oer saken bûten Fryslân. Der hienen wy de parseburo’s foar, mar redakteuren koenen ek datoangeande mei eigen stikken komme. Ik haw wolris kommintaren skreaun, dy’t streekrjocht yngongen tsjin wat de haadredaksje fûn. Dat koe allegearre. Doe hienen wy de parseburo’s, mar no komme jo hast om yn alle mooglike ynternetboarnen. Dêr soe elke krante syn foardiel mei dwaan kinne, mar ik merkbyt der by de LC alteast neat mear fan. It is allegearre ien grutte mainstream, en goed útsjen dat jo net dêrfan ôfwike. Want o heden, jo soenen ris…
    By it opsetten fan in nij Frysk medium soe bygelyks tocht wurde kinne lykas Wâldnet dat docht. De Nije wie fansels foar sa’n konsept hielendal net gaadlik. Mei It Nijs is dat oars. Dat Wâldnet hat in hiel soad regionaal nijs út Noardeast-Fryslân. Dat bart meastentiids yn it Nederlânsk. Der liket my hast net oan te ûntkommen. Mar jo soenen de rigel hantearje kinne dat it nijs – ek de sinsaasje – út de doarpen konsekwint yn it Frysk brocht wurdt. Ik soe sizze wolle tsjin de minsken fan It Nijs: praat ris mei dy lju fan Wâldnet. Want it is wol in feit dat se dêr de súksesformule ûntdutsen hawwe.

  3. Romke Kroandyk maart 8, 20:21

    Neffens mij bringt de L.C yn gearwurking mei de Grinzers en de Drinten in protte nijs út de noardelike provinsjes. Der nêst ek it wichtigste lannelike nijs en wat wolle jo dan noch mear?

  4. Arjen J. Dijkstra july 26, 13:32

    Wat wolle jo dan noch mear? Kerst Huisman jout dêr eins al in antwurd op: “dy liberale ûnôfhinklikens, dêr’t de LC om bekend stie, is ek neat mear oer.” en in soad wat yn de LC stiet, komt fan parseburo’s.

    Mooglik is der dus wol in gat te foljen mei in nij Frysk medium.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.