Earste ljipaai fan Fryslân fûn by Skarsterbrêge
Resint ferskynd
Anne Wind (32) fan Penjum hat sneintemiddei it earste ljipaai fan Fryslân fûn. Om 16.32 oere fûn er it aai yn in stik lân by Skarsterbrêge.

Ljip (foto: pixabay.com)
It Bûn fan Fryske Fûgelwachten hat de fynst goedkard. It gie om in twake. Moandei kriget Wind de Sulveren Ljip útrikt troch kommissaris fan de Kening Arno Brok op it provinsjehûs yn Ljouwert.
Klaas Binnendijk fûn sneontemoarn om 10.45 oere hinne it earste ljipaai fan Nederlân yn it Staphorsterfjild, by Hasselt yn Oerisel.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje