Duorsumheidskoördinator Frysk Museum selektearre foar Creative Climate Leadership-programma

maart 8, 2023 09:01

Duorsumheidskoördinator Lisa Klompe fan it Frysk Museum is selektearre foar it Creative Climate Leadership (CCL) Benelúks. Dat ynternasjonale programma is ûntwikkele om in kreative klimaatbeweging te mobilisearjen en te ferbinen.

Lisa Klompe (foto: Ruben van Vliet)

By it programma geane de dielnimmers mei-inoar en mei eksperts yn petear oer de rol fan keunst en kultuer yn de striid tsjin klimaatferoaring. CCL Benelúks wurdt organisearre troch Julie’s Bicycle, in organisaasje sûnder winsteachmerk, dy’t al goed fyftjin jier ûnderfining hat yn it advisearjen en aktivearjen fan de keunst- en kultuersektor.

It CCL-programma is der foar poadiumkeunsten, de fisuele keunsten, muzyk, selsstannige keunstners en profesjonals dy’t yn de sektor wurksum binne, lykas produsinten, presintatoaren, kuratoaren, finansiers, beliedsmakkers en oaren dy’t it kulturele en kreative ekspertize yn it klimaatdebat ynsette wolle.

Frysk Museum en duorsumens
“It is in enoarme ear om foar dit ynspirearjende programma selektearre te wêzen. Julie’s Bicycle is de ferneamdste ynstelling spesjalisearre yn de klimaatrjochtfeardigens en klimaatproblematyk yn relaasje ta keunst en kultuer. Ik sjoch dernei út om mear te witten te kommen oer hoe’t ik persoanlik en wy as museum op in iepen, yntegere en ynfloedfolle manier ús stientsje oan in duorsume takomst bydrage kinne”, seit duorsumheidskoördinator Lisa Klompe. Op it Museumkongres 2022 joech se in wurkatelier oer it ferankerjen fan ferduorsuming yn de organisaasje. Dêr wie in soad belangstelling foar. Ut namme fan it Frysk Museum die se mei oan it Koprinnerprojekt, in inisjatyf fan Toerisme Alliânsje Fryslân, Sirkulêr Fryslân, Ynbusiness, de Provinsje Fryslân en Dzyzzion.

It Frysk Museum wurket aktyf oan in grienere bedriuwsfiering yn de striid tsjin klimaatferoaring. It museum wol bydrage oan de duorsume ûntwikkelingsdoelstellingen fan de Feriene Naasjes en oan de brede wolfeart foar de regio. Mear ynformaasje oer de ambysjes en útdagingen fan it museum is te finen op www.friesmuseum.nl/duurzaamheid.

maart 8, 2023 09:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.