Doede Wiersma: De rjochtfeardige wol wrâldwiid ta segen wêze
Resint ferskynd
Oertinking
Guon útspraken fan minsken bliuwe jin altyd by. Sa ek dy fan in âlde frou dy’t sei: “Myn hiele Bibel bestiet út: ‘Sa leaf hie God de wrâld dat Er syn Soan nei dy wrâld tastjoerd hat’” (Johannes 3:17).
As tsjerken en groepen Jezus foar harsels anneksearje, dan mei op dy wurden wiisd wurde.
Kommende snein stiet it petear fan Jezus mei de Samaritaanske frou sintraal (Johannes 4). Joaden hiene gjin omgong mei Samaritanen, mar de Joad Jezus wol. Want net om ’e nocht einiget it ferhaal (yn Johannes 4) mei: “Dizze Man is wier-wier de Rêder fan ’e wrâld.”
Jezus giet graach bûten de bewende paden, sa’t Er dat yn eigen lân die mei bygelyks it opsykjen fan tolgarders, melaatsken, it oannimmen fan froulju as learlingen en syn krityk op de rjochtsinnigens fan de Fariseeën, dy’t oaren bûtenslute.
Wat Jezus besielet ta it wrâldwide, hearre wy yn it ferhaal oer de ropping fan Abraham en it Abrahamsfolk: “Yn dy sille segene wurde alle geslachten op ierde” (Genesis 12:3). Hoe’t dat foarm krije kin, is magistraal beskreaun yn Genesis 18, dêr’t Abraham foar Sodom en Gomorra yn ’e pleit giet.
It ta segen wêzen foar de hiele wrâld, sjogge wy as dy hiele wrâld yn in hongersneed by Joazef om iten komt (Genesis 41:57). En, ek al wol er der ûnderút, Jona moat nei Ninevé om it begrutsjen fan God mei dy heidenske stêd, te dielen. Se hiene allegearre mei Job op ’e basisskoalle leard om “ien dy’t se net iens koene, oan syn rjocht te helpen” (Job 29:16).
As de learlingen fan Jezus der al nij by opseagen dat Er mei dy frou út Samaria yn petear wie (Johannes 4:27; ôfbylding thússide, red.), wat sille de kritisy fan Jezus dan wol sein ha. Mei al it oare, sil ek dizze provokaasje bydroegen hawwe ta de groeiende haat tsjin Jezus.
Wêryn binne leauwigen hjoed-de-dei ta segen foar de wrâld?
Lêze: Genesis 12:1-3
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje