Doede Wiersma: De rjochtfeardige skept ljocht yn it tsjuster
Resint ferskynd
Oertinking
Ien kear yn ’e Bibel is ‘ljocht’ in oare namme foar God: Job 24:13.
In psalmdichter lit ús sjonge: ‘God is myn ljocht” (Psalm 27:1).
In leauwich minske dy’t it motyf efter de skepping beskriuwt, lit God yn it neare tsjuster roppe: “Ljocht blinder!” (Genesis 1:3).
“Rjochtfeardigen litte har ljocht helder baarne” (Spreuken 13:9).
Kommende snein hearre wy dat Jezus ‘it Ljocht fan ’e wrâld’ is. (Johannes 9). Omdat Hy God frezet en syn wil docht, is Hy de rjochtfeardige (Johannes 9:31).
De bline man, dy’t ljocht yn ’e eagen kriget, is in ‘teken’, in ferwizing nei de betsjutting fan Jezus, dat wol sizze: heel meitsje wat yn ’e skepping stikken is! Dat Jezus dêrby ‘modder’ brûkt, docht tinken oan de Skepper sels, dy’t de minske út ierde foarme. Jezus docht it wurk fan “Him dy’t My stjoerd hat.”
Wolno, ljocht skeppe yn it neare tsjuster, wie it wurk fan God. En Jezus hat haast: “Salang’t it dei is, moatte wy it wurk dwaan. It wurdt nacht en dan kin net ien mear arbeidzje.”
Johannes 9 set útein mei: “Yn it foarbygean seach Er in man dy’t fan bern ôf blyn west hie.” Jezus seach. Hy seach net oan him foarby. Hy seach him net oer de holle. Hy seach fol ûntferming nei him, sa’t Er fol ûntferming nei elke sike en handikapte sjocht. Tear struts Er de bline oer de eagen.
Us opdracht is om te ‘sjen’ sa’t Jezus seach, en om as rjochtfeardigen ljocht yn it tsjuster te bringen. Hoe dreech oft dat is, leare wy dizze wike fan de reaksjes op dizze died fan Jezus.
Lêze: Johannes 9:1-5
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje