Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer

maart 20, 2023 08:35 Fernijd

Freed 17 maart ûntfong boargemaster Waanders bysûndere besite út Israel. Irit Cohn en har man Haggai wiene te gast op it stedhûs yn Frjentsjer. Irit krige fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer in ynliste tekening fan har heit oanbean. Hja is de dochter fan Hans Martin Cohn. Hy wenne 2,5 jier op de kibboets fan Frjentsjer.

Foto: Joachim de Ruijter

Hans Martin Cohns libben yn Frjentsjer
Begjin 1939 ûntflechte er Dútslân en kaam er by de kibboets fan Frjentsjer terjochte, dêr’t er hope in sertifikaat foar tagong ta Palestina te fertsjinjen. Mar op 3 novimber 1941 waard er mei tolve oare bewenners troch de Dútsers en de Frjentsjerter plysje oppakt en ôffierd nei de Blokhúspoarte yn Ljouwert.

Oarloch oerlibbe
Ein desimber 1941 kaam er yn Westerbork telâne, dat doe noch in kamp foar joadske flechtlingen wie. Hans Martin waard ien fan de túnlju fan it kamp en dat bleau sa doe’t de SS it kamp yn de simmer fan 1942 oernaam en Westerbork ‘Durchgangslager’ foar de ferneatigingskampen yn it easten waard. Yn it kamp moete Hans Martin syn lettere frou Alie Tromp. Beide oerlibben de holocaust, Alie yn Teresienstadt en Hans Martin yn Auschwitz. Nei de oarloch fûnen se inoar werom yn Amsterdam. Hja boasken en teagen nei Palestina. Harren bern Yaron en Irit waarden dêr berne.

In pakket dat nea ophelle waard
Hans Martin wie in kreative jonge. Hy skildere en tekene in protte, ek doe’t er op de Frjentsjerter kibboets ferbleau. Hy wie bern oan hûs by de famylje Van der Valk oan it Fliet, dêr’t tekenlearaar Klaas van der Valk him les joech. Nei de oarloch brocht in ûnbekende in pakket tekeningen en brieven by de famylje Van der Valk. “Dit is fan Hans Martin Cohn en hy komt sels om it op te heljen”, wie it boadskip. Mar Hans kaam nea. De famylje Van der Valk konkludearre úteinlik dat er de oarloch net oerlibbe hie. De tekeningen en brieven hawwe se altyd bewarre. Oant 2020.

Pakket komt by dochter terjochte
Doe brocht it Frysk Film- en Audio-argyf de filmkes fan de kibboets út de jierren 1937-1939 nei bûten. Troffen troch de bylden besleaten se it pakket oan it Histoarysk Sintrum Frjentsjer te skinken. Dêr waard alles digitalisearre. Ofrûne simmer mei de opnamen fan de dokusearje Kibboets op de Klei yn Israel waard ek it ferhaal fan Yaron en Irit Cohn filme. De digitale tekeningen en brieven waarden oan de famylje Cohn oerlange. Hja koene it bestean derfan net en wiene ferrast.

Besite oan Frjentsjer
Hja besleaten nei Frjentsjer te kommen om de samling fan harren heit te besjen. De middeis brochten Irit en har man in besite oan it eardere kibboetsgebou en it monumint foar de slachtoffers dêr foaroer. Hja seagen ek by ien fan de repetysjes foar it teäterstik oer de kibboets op de klaai, dat ein maart yn premjêre giet.

maart 20, 2023 08:35 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.