Dichter fan Fryslân: Frije murd

maart 4, 2023 09:30

Skriuwers en dichters steane manmachtich efter de bedrige skriuwer Pim Lammers. Hy luts him werom as skriuwer fan it berneboekewikegedicht om’t er deadsbedrigingen krige nei oanlieding fan syn koart ferhaal ‘Trainer’ (2016, foar folwoeksenen).
De Ljouwerter Krante frege de Dichter fan Fryslân om in gedicht foar it frije wurd te skriuwen. Sneon 11 febrewaris stie har gedicht ‘Frije murd’ op de foarside fan de Ljouwerter Krante.

Frije murd

Frije murd hat in ferhaal
mei in swypkjende sturt
kraaleach kostlike krûper

De kopijskriuwer wit
in goudbrune hawwe of hin
yn smoarge klauwen in lús yn de pels
sa’n sturtswyljende smycht
kinne wy op skjin papier net ha

Harrejasses, soest him smoare
as er dyn piken snipte
hou yn de stjonkende harses

De leafhawwer wol út dy pinne
mantelmurden op skrift allinne
nee, yn fiksje nea
slacht ien Frije Murd dea

Sigrid Kingma | Dichter fan Fryslân

maart 4, 2023 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.