De wolf en de ielreager (ferhaal)
Resint ferskynd
Lykas bekend is, hinget de mage fan de wolf altyd op ’e slomp. En doe op in kear hie er it gelok mei: hy fûn in dea hynder yn it lân en dêr foel er oer gear. Mar hy wie sa roppich, dat der skeat him in lyts bonkje yn ’e kiel. Hy al hoastje en blaffe, mar it woe der net út.
Tafallich wie der in ielreager tichteby. Hy sei tsjin de ielreager: “Jonge, soesto my net helpe kinne? Ik haw in bonkje yn ’e kiel. Ik sil dy in knap lean jaan!”
No, de ielreager seach him ris rjocht op en del oan. “Mar do stiest oars net sa bêst oanskreaun,” sei er, “as ik dy de kop yn ’e bek stek, dan bytst him my derôf!”
Mar de wolf swarde tûzen eden dat er him gjin fear krinke soe. En hy hoaste en die sa bot, dat it begrutte de ielreager ek en hy weage it derop.
De wolf gappe wiid en doe seach de ielreager it bonkje wol sitten. Hy stuts him de snaffel yn ’e bek en luts it derút. “Hè, wat in ferromming!” sei de wolf.
“Moai,” antwurde de ielreager, “en no myn beleanning!”
“Beleanning?”, sei de wolf, “do meist dûbeld tefreden wêze dat ik dy de kop net ôfbiten haw, en no moatst meitsje dat fuortkomst, want oars snap ik dy noch!”
De ielreager seach al wat sneu, mar hy sette it dochs mar gau op ’e pinnen. Dat is ienkear, mar nea wer, sei er by himsels.
Ype Poortinga
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje