De maitiid komt deroan (gedicht)
Resint ferskynd
Nei oanlieding fan ús oprop om kreative bydragen krigen wy dit gedicht tastjoerd. Mear gedichten en ferhalen binne fan herten wolkom op ynfo@itnijs.frl. Redaksje It Nijs

Foto: pixabay.com
De maitiid komt deroan
De maitiid komt deroan.
Stadichoan
stekke de puntsjes
fan de pompeblêden
wer boppe it wetter út.
Krookjes bloeie
pears, wyt en giel.
De kopkes fan
liderkes skodzje
hinne en wer
yn de wyn.
Titelroazen
trompetterje
yn de sinne.
Teare knoppen
ferskine
oan beammen
en strûken.
De jerken
slove har út
op ’e siik nei
in wyfke.
De wyn is skraal
en nachts
friest it soms noch.
Mar lang
duorret it net mear,
dan is de maitiid
wer yn it lân.
Folkje Koster
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje