Creative Commons-lisinsjes no ek yn it Frysk
Resint ferskynd
De Creative Commons 4.0-rige fan ynternasjonale auteursrjochtlisinsjes is oerset nei it Frysk. 350.000 Frysksprekkers kinne de CC-lisinsjes no yn harren eigen taal begripe. Fryske skeppers dy’t wolle dat har wurk oeral op ’e wrâld frij brûkt wurdt, hoege dêr gjin tastimming mear foar te jaan yn it Ingelsk of Nederlânsk. Neist praktysk nut hat dat in prinsipiële kant: de Fryske taal kin brûkt wurde yn it rjochtsferkear. Boppedat fersterkje wichtige juridyske teksten de minderheidstaal.

Boarne: Wikipedia – publyk domein
Creative Commons – ‘skeppende mienskar’ – is in wrâldwide non-profitorganisaasje dy’t it útwikseljen, útfieren en bewurkjen fan kreatyf wurk makliker meitsje wol. Creative Commons bringt fergeze, brûkersfreonlike standertlisinsjes út. Dêr kinne skeppers, itsij bedriuwen of inkelingen, oaren mei tastean om harren wurk te brûken, mei har namme derop en alhiel neffens de wet op it auteursrjocht.
It oersetten fan de lisinsjes is in inisjatyf fan PoëzijLab. PoëzijLab ûntwikkelet mei stipe fan Provinsje Fryslân in folslein twatalige webtapassing Fryske poëzy foar it fuortset ûnderwiis en it algemiene publyk yn Nederlân. By dat projekt wurde sa’n fjirtich Fryske dichters kontraktearre. Mar de auteursrjochtwetten dy’t harren wurk beskermje moatte, binne net makke foar de digitale tiid.
PoëzijLab sil dêrom mei Creative Commonslisinsearring wurkje. De Fryske Akademy docht dat al in skoft. Lykwols wiene de lisinsjes, oerset nei goed tritich talen, net beskikber yn it Frysk. Yn rekôrtiid, trije moannen, hawwe poëzyoersetter Friduwih Riemersma en auteursrjochtjurist Maarten Zeinstra, yn oparbeidzjen mei it Creative Commons-team yn Amearika, de oersettingen besoarge.
De lisinsjes binne hjir te finen:
• CC BY
• CC BY-SA
• CC BY-ND
• CC BY-NC
• CC BY-NC-SA
• CC BY-NC-ND
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje