Coen Verbraak snein 26 maart yn petear mei keunstneres Els Timmerman

maart 21, 2023 08:31

Coen Verbraak (boarne: Museum Belvédère)

Sjoernalist Coen Verbraak sil no snein om 16.30 oere yn it Museumkafee fan Museum Belvédère yn petear mei keunstneres Els Timmerman.

Verbraak sil yn in likernôch fjirtich minuten duorjend petear mei de keunstneres prate oer har wurk, de útstalling Als de dood en har persoanlike ûnderfiningen mei ferlies en fierder libjen.

Coen Verbraak
Coen Verbraak is sjoernalist, dokumintêre- en programmamakker. Hy krige foaral bekendheid mei syn fraachpetearen foar de telefyzjeprogramma’s Kijken in de ziel en Over Leven. Yn dat lêste noch rinnende programma foar HUMAN sprekt er mei ferskate minsken foar wa’t it libben op skerp kaam te stean. Verbraak wûn ferskate prizen foar syn fraachpetearen en publisearre boeken, ûnder oare it yn 2020 ferskynde Oorlogskinderen.

Els Timmerman (boarne: Museum Belvédère)

Els Timmerman
Frou Timmerman wennet en wurket yn Amsterdam en wie troud mei tekener/keunstner Peter van Straaten (1935-2016). Nei syn ferstjerren waarden rou en ferlies de wichtichste ûnderwerpen yn har wurk. Sels ferklearret se dêroer: “Seis jier lyn ferstoar myn leafste Peter, en dêrtroch waard ‘rou’ it ûnderwerp fan myn skilderijen. Ik hie gjin kar. It skilderjen fan dat tema bea gjin treast, mar ik wist dêrtroch wól de gong nei myn atelier te meitsjen en it op te bringen om myn kwast te pakken.” In kar út har resinte rige skilderijen Oasis is opnommen yn de útstalling Als de dood.

It petear tusken Verbraak en frou Timmerman is op snein 26 maart frij by te wenjen yn kombinaasje mei in jildich tagongsbewiis foar it museum. It Museumkafee sil foar de gelegenheid langer iepen wêze.

maart 21, 2023 08:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.