Briefkje oer taal (58)
Resint ferskynd
Ed Knotter reagearret op de brief fan Jan Breimer.
Bêste Jan,
Dat wienen twa nijsgjirrige ûnderwerpen yn dyn brief fan ferline wike. Wat de skriuwwize fan telwurden oanbelanget, is der in omisje yn de Fryske staveringsfoarskriften oan it ljocht kommen, mar it muoit my wol dat ik ferkearde ynformaasje oan dy trochbriefke haw. Ik hie ek ferwize kinnen nei de âlde skriuwwizer Mei freonlike groetnis (1995), mar dan hie it ek mis west. It is dúdlik dat der foar de Fryske Akademy wurk oan ’e winkel is en kom mei oanpaste en betroubere foarskriften op dat mêd. Dat boekje fan Rienk de Haan is al lang útferkocht, dat it leit yn ’e reden om it no by de tiid te bringen. Soks soe ek yn digitale foarm kinne.
It neitinken oer har en harren is tige nijsgjirrich, mar net ienfâldich. It idee fan Abe de Vries om kollektyf en yndividu te ûnderskieden mei respektyflik har en harren is hiel bysûnder. It moat wol in dichter wêze dy’t soks betinkt. Yn poezij hat ommers eltse letter, sels eltse spaasje betsjutting, tink ik. Mar soe de trochsneed Fryskprater dat ûnderskied ea yn him omgean litte? De foarnamwurden binne ferdield yn inkeldtal en meartal. By wy/ús en jimme/jimme – earste en twadde persoan meartal – kin de yndividualiteit net útdrukt wurde. It komt nammers net iens by my op. As wy it oer ús of jimme hawwe, giet it om ús allegearre en jimme allegearre, in kollektyf. By de tredde persoan meartal soe dy yndividualiteit, mei tank oan Abe, in ekstra mooglikheid betsjutte. As wy mei elts fan ús en elts fan jimme de yndividualiteit útdrukke kinne foar de earste en twadde persoan meartal, dan kin it op dy wize ek foar de tredde persoan meartal. Mar wurdt it dan elts fan har of elts fan harren? Dêr kom ik sa gau net út. Sokke drege kwestjes wolsto, en ik ek, oan betûfte taalkundigen oerlitte, mar it is wol myn niget en tink deroer nei. Yn it Hollânsk bestiet haar foar it inkeldtal, froulik, mar datselde wurd hat ek yn it meartal spesifyk foar froulik yn gebrûk west. Dat is kommen te ferfallen; gjin ûnderskied tusken manlik en froulik, allegear hun. It soe bêst sa wêze kinne dat om betizing mei froulik tefoaren te kommen yn it Frysk har foar it meartal mijd wurdt en harren de foarkar kriget.
Hawar, it binne mar prakkesaasjes. Ik soe my graach oan goed trochtochte advizen hâlde kinne/wolle, krekt as do Jan, likefolle oft dy fan Abe komme of fan oare taalgelearden.
Okkerwyks hearde ik op ’e radio (NPO1) in opfallende útspraak fan in sportfrou. Dy sei: “Ik was toen erg blessuregevoelig.” Dat wurd moast ik efkes op omkôgje. Fansels wie it my wol dúdlik wat se bedoelde, mar ik frege my wol ôf: is it mooglik om gefoelich te wêzen foar skea of letsel? Sport – as it my net mist wie it reedriden – hat risiko’s, mar ûnk (blessearring) komt jin oer. De ien hat der mear fan te lijen as de oar, mar in gefoelichheid? In antenne, in sensor of in spesjaal sintúch? Sportlju kinne it moai sizze, mar ik keppele de útspraak fuortendaliks oan ús briefkjen oer taal en ik tocht oan it ûnk fan de ynterferinsjeproblematyk. Der binne Fryske wurden dy’t gauris ferfongen wurde troch Hollânske of Ingelske wurden, mar in hiel soad wurden hawwe dêr (noch) gjin lêst fan. Gelokkich mar, soe ik sizze, mar hoe kin it no dat it iene wurd ynterferinsjegefoeliger is as it oare?
As ik ien ergens sizzen hear, wylst dyselde it wurd earne ek wol wit, freegje ik my ôf wêrom’t er net it eigen wurd foar kar nimt. ‘Dat seit net ien mear’, kin ik as antwurd ferwachtsje. De fraach bliuwt lykwols: wêrom?! It tiidwurd tinke sil net sa gau út it Frysk ferdwine, mar tinzen wurdt amper noch brûkt. De measten sizze gedachten. Omtinken is oandacht wurden; yn it wurdboek stiet net iens mear dat it om hollanismen te rêden is. Wêrom binne dy wurden sa ynterferinsjegefoelich?
Mei freonlike groetnis,
Ed
IT brief fan … docht my Frysker oan as DE brief (distânsjebegjinsel).