Briefkje oer taal (57)

maart 21, 2023 10:00

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn foarige brief.

Bêste Ed,

Yn myn brief fan fjirtjin dagen lyn frege ik dy wêr’t te finen is hoe’t 23 yn letters skreaun wurdt. Ik miende werklik dat ik dat mei de besteande taalhelpmiddels net útfine koe. Yn de Paadwizer, dy’t op Frysker.nl te finen is en dy’t it paad wiist yn de Fryske stavering, wurdt de skriuwwize fan getallen net behannele, krekt sa’t dat yn de Leidraad by woordenlijst.org foar it Nederlânsk ek net dien wurdt. It wurdt net as in staveringskwestje sjoen. It genoatskip Onze Taal jout dêr wol rjochtlinen foar en in protte minsken hâlde har dêroan.

Yn dyn reaksje fan ferline wike wiisdesto derop dat neffens it boekje Basisgrammatica Fries de skriuwwize trijeëntweintich wêze soe. Dat woe my wol oan, want yn it Hollânsk kriget it wurd drieëntwintig ek in trema. By de noas lâns neamdesto ek hoe’t neffens datselde boekje 101 yn letters skreaun wurdt. Dy skriuwwize fernuvere my, want dy wykt ôf fan wat yn it Hollânsk wizânsje is. Ik haw dêrom opheldering frege by it Taalburo fan de Fryske Akademy. Yn kwestjes as dizze – dy’t net typysk Frysk binne – wurdt oanret om de regels dy’t foar it Hollânsk jilde te folgjen. Konkreet: 23 skriuwe we as trijentweintich. Dat hie ik, as ik mar goed socht hie, mei Frysker fine kinnen, sawol mei de sykfunksje as yn de foarkarswurdlist. Om foar 101 dúdlikheid te krijen haw ik woordenlijst.org rieplachte. Der binne twa mooglikheden: hûndertien en, foar wa’t dat wol, hûndert-en-ien. De mooglikheid mei keppelstreekjes wurdt allinne yn it gefal fan 101 jûn en net foar oare getallen.
Dat Basisgrammatica Fries fan Jan Popkema en de skriuwwizer Mei freonlike groetnis fan Rienk de Haan (s. 47) yn dit stik fan saken oare advizen jouwe, sit him yn de tiid fan ûntstean fan dy boekjes, 2006, resp. 1995. Sûnt is it tinken oer soksoarte regels feroare. It wurdt, nei myn betinken, tiid dat we yn neifolging fan Onze Taal digitale advysstikken opfreegje kinne oangeande soksoarte fan fragen.

Har en harren
Do fregest myn miening oer de kwestje dy’t Abe de Vries op 7 maart oansnie nei oanlieding fan in berjocht op It Nijs (“Fryskpraters yn Sealterlân leare om harren net sa maklik te ferbrekken”). Dat berjocht kaam trije kear efterinoar it wurd ‘harren’ yn foar. It gie hieltyd om it weromwurkjend foarnamwurd, dêr’t it Hollânsk ‘zich’ foar hat.
Abe de Vries soe wolle dat as it om mear minsken giet ‘har’ brûkt wurdt, mar “as de yndividualiteit fan dy minsken oan ’e oarder is, dan ‘harren’.” Op dy reaksje hasto oankundige datsto my dêroer befreegje woest. Underwilens hawwe taalgelearden ûnder it neamde berjocht trochdiskusjearre. Ik bin gjin taalgelearde, mar in taalbrûker dy’t graach de regels konsekwint folget. Samar foar de fariaasje de iene kear ‘har’ en de oare kear ‘harren’ brûke, wat ik ek wolris sjoch, is myn styl net.

Ut de diskusje en út de boeken wurdt dúdlik dat der yn dizze kwestje gjin fêststelde regel is. Ik haw my oanwend om as it om it persoanlik en it besitlik foarnamwurd giet, de foarm oan te passen oan wêr’t it nei ferwiist: foar ien (froulik) persoan ‘har’ en foar mear (froulike en manlike) persoanen ‘’harren’. Giet it om it weromwurkjend foarnamwurd (zich dus), dan brûk ik ‘har’, ek as it om mear minsken giet. Miskien doelde De Vries mei yndividualiteit ek noch wol op it slachte fan de yndividuën, mar sokke woke oplossingen freegje om lienwurden of nijfoarmingen.

Yn dy aardige foarbyldsin dêr’tst de trije wurdsoarten yn útkomme lietst, soe ik it sa dwaan: “De kluplieders fregen har ôf oft harren pupillen der ek oan meidien hiene en oft se it der mei harren oer hawwe moasten.” Dêr de yndividualiteit yn útkomme litte, soe ynhâlde dat útdrukt wurde moat: (a) oft de kluplieders it harsels ôffregen of dat se dat kollektyf diene, (b) oft se de pupillen mienskiplik hiene of dat elke lieder eigen pupillen hie en (c) oft se it der mei harren apart of yn groepsferbân oer hawwe moasten. Wa’t soks hiel krekt útdrukke wol kin better in oare formulearring betinke. Krekt as by it skriuwen fan getallen yn wurden sjoch ik út nei in goed trochtocht en maklik te ûnthâlden advys fan taalgelearden. As dat oars is as wat ik mysels oanwend haw, sil ik my dat mei alle wille eigen meitsje.

Mei freonlike groetnis,

Jan

maart 21, 2023 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.