Briefkje oer taal (56)

maart 14, 2023 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn foarige brief.

Bêste Jan,

Dy spesjale tekens dêr’t wy it oer hienen, binne op ferskate wizen spesjaal. De foarmjouwing kin soms hiel bysûnder wêze en dat ‘spesjaal’ foar lju dy’t each hawwe foar typografyske skjintme. Yn hoefier hearre sokke tekens ta de taal? Se hearre net by it alfabet, mar oare talen hawwe soms in oar alfabet, tink mar oan it Gryksk of it Russysk. Dêr wol ik no net djipper op yngean, mar dúdlik is wol datst mei in alfabet noch gjin taal hast en mei spesjale tekens al hielendal net.

De sifers hawwe harren eigen alfabetsje fan tsien (10) tekens. Yn skreaune tekst is it trochinoar brûken fan sifers en letters net altyd handich. As men fiif miljard yn sifers sjocht, moat men de nullen telle en dat lêst fansels net noflik. Mar de krekte stavering fan in getal as 23 jout grif swierrichheden. As ik twivelje, sjoch ik meastal yn Basisgrammatica Fries. Dat is in boekje yn de Prisma-rige Taalbeheersing, in rige fan sân talen, dêr’t Jan Popkema it Fryske dieltsje fan skreaun hat. “Begrijpelijk voor iedereen” stiet der opmoedigjend, want it is in Hollânsktalige útjefte. It boekje is ek wol brûkt op Afûk-kursussen foar net-Frysktaligen en it is by de Afûk te krijen. Der steane ek oefeningen yn. Op side 76 en 77 stiet it ien en oar oer beskate telwurden en fynt men trijeëntweintich (oaninoar, gjin keppelstreekje, mar in trema). Tink derom: hûndertenien hat as fariant hûndert ien, mar dan binne it twa wurden. De opmerkingen oer de ûnbeskate telwurden (s. 78) is nijsgjirriger, om’t dêr it Frysk taaleigen moai yn beskreaun wurdt.

Dyn foarbyld fan “mei har 4-en” brocht my De Feestgongers fan Anne Wadman (Laverman, 1968) yn ’t sin. Yn de earste sin fan dat boek stiet 2cv’tsje, hjoed-de-dei faaks net in tige oansprekkend foarbyld, mar it lit sjen dat de skriuwer eksperimintearret mei ludike kombinaasjes fan sifers en letters. Sa fyn ik ek ‘yn it ½tsjuster’ en ‘seit anno 196safolle’. It is literatuer en dan kin it wat lije en foar whatsappers is it miskien brûkber, mar as offisjele regel moat it sa net.

Wêr soenen sokke regels te finen wêze moatte? Do neamdest de taaladviesdienst en it taalloket fan Onze Taal. Foar it Hollânsk ja, mar foar it Frysk is dat likegoed needsaaklik. Wurdt it net tiid dat de skriuwwizer Mei freonlike groetnis fan Rienk de Haan by de tiid brocht wurdt en digitaal beskikber komt? Pieter Zijlstra klage ferline wike yn syn kollum Gysbert (LC) dat er gauris om in Frysk rymwurdboek ferlegen is. Der is foar it Frysk noch genôch wurk oan ’e winkel.

No lit ik dyn oare ûnderwerpkes mar efkes gewurde, want ik lies ûnder in berjocht op It Nijs fan 7 maart in opmerking fan Abe de Vries. Dy woe in dúdliker ûnderskied oanbringe tusken har en harren. Neffens de Grammatica Fries fan Popkema binne dy wurden lykweardich. Harren is de folle foarm fan har, sa’t, tink ik, jimme de folle foarm is fan jim. Gjin betsjuttingsferskil alsa. Har wurdt ek brûkt foar it inkeldtal, dêrom soe harren foar it meartal dúdliker wêze kinne.Yn it inkeldtal slacht har op in froulik wurd (in frou), mar dat hoecht yn it meartal net perfoarst. Myn yndruk is dat om dy reden it gebrûk fan harren de lêste jierren (desenniums) tanommen is. Abe wol dêr noch in nuansearring oan tafoegje: “As dêr gewoan mear minsken mei oantsjut wurde, dan leaver: ‘har’. As tagelyk de yndividualiteit fan dy minsken oan ’e oarder is, dan ‘harren’.” Dat liket my in nijsgjirrich idee, mar is dêr ferlet fan? Sjoch ris nei de neikommende sin: “De kluplieders fregen har/harren ôf oft har/harren pupillen der ek oan meidien hiene en oft se it der mei har/harren oer hawwe moasten.” Hoe soesto op dy trije plakken yn de sin de yndividualiteit útdrukke wolle? Yn de earste twa gefallen giet it om de kluplieders en yn it tredde gefal om de pupillen. Mar op dy trije plakken is har/harren hieltyd in oare wurdsoarte: earst it weromwurkjend foarnamwurd, dan it besitlik en as tredde it persoanlik foarnamwurd. Is dat foar dy ek in kritearium? En docht de yndividualiteit der foar dy ek wat ta? It is my net rjocht dúdlik wat Abe yn dy trije gefallen kieze soe, har of harren?

It wurdt der net ienfâldiger op; wat tinksto?

Mei freonlike groetnis,

Ed

Alle foargeande brieven binne maklik werom te finen troch yn it sykfinster op de thússide ‘Briefkje’ te typen.
maart 14, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.