Briefkje oer taal (55)
Resint ferskynd
Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn lêste brief (sjoch brief).
Bêste Ed,
Do brochtst ferline wike it &-teken te praat. Dyn konklúzje is deselde as it advys fan Onze Taal: oars net brûke as yn fêste kombinaasjes lykas merknammen (https://onzetaal.nl/taalloket/ampersand-gebruik-van-het-teken). It is ommers ien fan dy bysûndere tekens lykas it plus- en minteken, it hikje (#), it aapke (@) en it paragraafteken (§), dy’t net yn it alfabet foarkomme en dêr’t gjin wurden mei foarme en ferbûgd wurde. Sokke tekens wurde net yn rinnende tekst brûkt.
Mei sifers leit it justjes oars. Dy steane elk foar ien wurd, in getal. As in wurd dat in getal foarstelt, ferbûgd of ferlinge wurde moat, wurdt de beheining dúdlik: wy skriuwe net: “Se komme mei harren 4-en.” Rinnende teksten kinne ûntsierd wurde troch it brûken fan sifertekens. Ik haw it hjir net oer it whatsappen, dêr’t koart-om-’e-hoeke it biedwurd by is. Wannear’t it yn tradisjonelere teksten oan te rieden is om getallen yn letters wer te jaan en wannear yn sifers, dat wurdt allegearre moai en dúdlik útlein yn https://www.onzetaal.nl/taalloket/getallen-in-letters-of-cijfers en yn https://taaladvies.net/drieennegentig-of-93/. Dat is yn it Hollânsk, mar foar it Frysk jilde dy advizen likegoed. It soe trouwens moai wêze as der foar it Frysk ek sa’n digitaal loket wie. Wat is it handich om ûnder it skriuwen samar efkes in betrouber advys op jins skerm te krijen. Wêr is bygelyks gewaar te wurden hoe’t 23 yn letters skreaun wurdt: trije-entweintich, trijeëntweintich of trijentweintich?
Falt it dy ek op dat it sa’n moade wurdt om binnen te sizzen en te skriuwen wylst yn bedoeld wurdt? Ik neam in pear foarbylden. (1) “Binnen de provinsje Fryslân spilet it stikstofprobleem ek.” Hoesa binnen? Binnen wiist op begrinzing. Yn ‘binnen de provinsjegrinzen’ is binnen wol op syn plak, want dan kin it net troch yn ferfongen wurde. (2) “Binnen it bestjoer is oer kontribúsjeferheging praat.” As de ponghâlder dat sa yn syn taljochting seit, wol er dêr tink foarsichtich mei útdrukke dat der noch neat besletten is, it wie allinne noch mar it bestjoer dat it deroer hân hie. Mar troch gewoan te sizzen dat der yn it bestjoer oer praat is, makket er dat al dúdlik genôch. Binnen foeget neat ta. Der binne fan dy spraakmakkers (influencers, beynfloeders) dy’t sokke oerdreaune taalfersmoarging en ûnnedige nijmoadrichheden brûke en it gewoane folk nimt soks sûnder nei te tinken oer.
Yn de krookjefakânsje organisearren musea aktiviteiten foar de hiele famylje. Se bedoelden de hiele húshâlding: de âlden mei de bern (net kids!) of de pake- en beppesizzers (net lytsbern!). Soe de hiele famylje opsetten komme, dan kamen de omkes en muoikes en de neven en nichten ek mei. Moai foar de kassa, mar faaks in swierrichheid foar de organisaasje.
Guon neame dy fakânsje, yn neifolging fan it Hollânsk, foarjiersfakânsje. Dêr is wol wat op tsjin. Earst al omdat wy ús eigen wurd maitiid hawwe. Fan it wurd foarjier hawwe we dus gjin ferlet en fan foarjiersfakânsje al hielendal net, want al is de Peaske ek noch sa let yn it jier, de krookjefakânsje falt net yn de maitiid, dy’t op 21 maart begjint. De maaiefakânsje soe earder rjocht op de namme maitiidsfakânsje hawwe.
Mei freonlike groetnis,
Jan
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje