Bouwe de Boer: It Arcadiagefoel: Jou it troch!
Resint ferskynd
Kollum
It projekt Bosk (2022) stiet elkenien noch goed by. It wie in ûnderdiel fan Arcadia en dat is wer de opfolger fan Kulturele Haadstêd 2018.
Oer Arcadië of Arcadia seit Wikipedia dat it in utopysk lân is fol mei blommen, fruit en bosken, helder wetter, sjongende fûgels en in ivich duorjende simmer, in lân dêr’t yn de klassike âldheid fan dreamd waard dat it der yn in ferlerne Gouden Tiid oan it begjin fan de minskeskiednis west hie.
By it projekt Bosk koe men jin wol wat fan dat sa omskreaune Arkadië foarstelle. It wie net om ’e nocht dat de gemeente Ljouwert bedobbe waard mei fragen fan minsken of ynstânsjes om de beammen fan Bosk yn de eigen buert plantsje te meien. Nederlân ta in Arkadië omtsjoene liket in utopy, mar soe it lokaal krekt net slagje kinne?
De omstannichheden yn Fryslân binne sûnder mis geunstich. Yn in protte doarpen binne de lêste jierren inisjativen ûntstien dy’t úteinlik opstapkes nei in Frysk Arkadië wêze kinne. Der binne no al santich doarpen yn Fryslân mei in eigen enerzjykoöperaasje. In groep ynwenners dy’t har ynsette om minder fossile brânstoffen te brûken. Yn gjin inkelde oare provinsje binne dat der safolle! Tûzenen Friezen binne der lid fan en kieze foar skjinne enerzjy by it eigen enerzjybedriuw: ‘Energie van Ons’.
Yn Bakkefean hat in groep ynwenners de Bloeisônebeweging opset. Sûn âlder wurde is harren ropping. Lokaal sûn iten ferbouwe: yn Sibrandabuorren, Jirnsum, Snakkerbuorren, Nijhoarne en Easterwâlde wurdt dat al op oanwinnende skaal dien.

Sûn iten fan de tún yn Nijhoarne. Foto Freonen fan FossylFrij Fryslân
As we no ris mear doarpen helpe om ‘Arkadiëdoarp of -wyk’ te wurden? Dan kinne we op ús lytse skaal it enerzjyferbrûk tebekkringe en kinne we yn ’e mande mei de feehâlders de stikstofdeposysje ferminderje.
Earmoede is lokaal ek better oan te pakken, krekt as iensumens. Bioferskaat fergrutsje? Dêr is ek lokaal maklik in oanpak foar te ûntwikkeljen. Tink ek ris oan mobiliteit. Mei dielauto’s bygelyks is dat oan te pakken.
It sykjen om sa’n doarp of wyk is begûn! Noch foar de kommende simmer hawwe we it earste Arkadiëdoarp. Of in super Bloeisône.
Jou it troch! Lit sjen dat it kin!
Dit is nûmer 75 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje