Boerebedriuwen opkeapje foar in evenemint
Resint ferskynd
Grutte eveneminten lykas de Nijmeegse Vierdaagse, de Zwarte Cross en Down The Rabbit Hole binne ferplichte om de útstjit fan stikstof dy’t troch auto’s fan besikers en wurksumheden op it terrein ûntstiet, te kompensearjen. Soms bart dat ék troch boerebedriuwen op te keapjen.
Sa kin festival Down The Rabbit Hole by Ewijk de kommende edysje inkeld organisearje trochdat in boer fierderop minder bisten hâldt. Festivals en grutte merken slute har sa oan by de hieltyd langer wurdende rige fan partijen dy ‘t op syk binne nei stikstofromte, skriuwt De Gelderlander.
Oft soks yn Fryslân ek al oan ’e oarder is, is net bekend. De tariedingen foar Aaipop yn Nijlân, dit jier op 10 april, geane yn alle gefal noch gewoan troch. Ferline jier wie it Fryske popfestival mei 2500 besikers folslein útferkocht. Nei it sukses ferline jier is de kaartferkeap dit jier betiid úteinset.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje