Bloch: Op wei nei de 36e Nijjiersrevu op ’e Jouwer (3)

maart 22, 2023 09:30

Maart: âld en nij

Hoewol’t wy by de revu gjin ‘pensjoenberjochtige’ leeftiid kenne, hawwe twa fan ús spilers ferline jier oanjûn dat de 35e revu harren lêste wêze soe. Beide hawwe in flink tal tsjinstjierren by de revu efter de rêch en ha de moaiste typkes delset, skitterjende muzyk makke en prachtige lieten songen. Noch ien fan ús spilers hat oanjûn kommend jier foarrang oan wurk en sûnens jaan te moatten.

Fansels hawwe wy alle begryp foar harren beslút. It betsjut wol dat wy omsjen moatte nei nije spilers, want trije minder op in oantal fan sa’n tsien spilers, dat is nochal wat.
Gelokkich wurde wy gauris oan it jaske lutsen troch toanielleafhawwers en sjongers of sjongeressen dy’t ek wol ris in roltsje (of mear) by de revu spylje wolle. Sa kaam it dat wy in wachtlist gearstald hawwe. Yn de ôfrûne wiken hawwe wy de minsken fan ús list hifke oft se noch hieltyd sin hawwe oan in oandiel by de nijjiersrevu. Guon kinne hast net mear wachtsje, by oaren binne der yntusken oare dingen op harren paad kommen. Dêr ek alle begryp foar fansels!

Foto: Revuploech De Jouwer

Mei de minsken dy’t steane te popeljen om har by de revuploech te foegjen, planne wy earst, mei ús regisseur, in momint om mei-inoar yn ’e kunde te kommen. Dan kinne se ek sjen litte ‘wat sy yn ’e hûs hawwe’. Alles wol op de manier sa’t wy dat wend binne by de revu: leechdrompelich en noflik.

Wy moasten nei de 35e revu ek ôfskied nimme fan ús muzikaal lieder Leon Smits. In ierlitting wat ús oanbelanget, want wat hat dy man ek wat foar de revu betsjut! Somtiden moat keazen wurde. Dêr ek alle begryp foar.

Efkes knap sikkeneurje en dêrnei de kop der wer foar! Wy moasten op ’e siik nei in oare muzikale tûzenpoat. Dy binne der wol op ’e Jouwer en omkriten, mar sa’t dat mei tûzenpoaten giet, hawwe dy faak al tûzen en ien dingen by de ein. Wy binne der dan ek noch net yn slagge om immen te finen dy’t it hiele pakket fan bandlieder, sjonglieder, it skriuwen fan arranzjeminten en alles wat sa’n ien noch mear op him of har nimme wol of kin. Wy hawwe der alle fertrouwen yn dat dizze funksje gau in nij gesicht kriget. Mocht der in lêzer fan dit stikje wêze dy’t tinkt: Ik haw de oplossing foar jimme!, lit it mar hearre!

Sa komt it dat wy yn maart dwaande binne mei âld, mar foaral mei nij.

Folkeline Papjes, Revuploech De Jouwer, maart 2023

Besjoch en beharkje it slotnûmer fan de 35e Revu:

Klik hjir foar alle revublochs.

maart 22, 2023 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.