Auke Zijlstra wrâldkampioen FRYSK!

maart 5, 2023 18:34

Foar it earst yn de skiednis fan it wrâldkampioenskip FRYSK! is in net-Fries kampioen wurden. De út Utert ôfkomstige Auke Zijlstra is 57 en hat al in kearmannich oan it WK FRYSK! meidien, sûnder dat er in oansprekkend resultaat boekte. Hy fertelde dat er syn sukses fan hjoed te tankjen hat oan it feit dat er sa lang mooglik de skiven op it damboerd besocht te hâlden.

Slotfaze FRYSK! (foto: Stifting WFD)

Nei in spannende damwike, dêr’t it Fryslân Iepen ferrassend troch de âld-Gaaster Henk Haanstra yn wûn waard, wie snein it neigesetsje, it Wrâldkampioenskip FRYSK!. In ynternasjonaal selskip fan sechstjin spilers en spylsters stride yn sân omgongen om it kampioenskip.

It begûn al spektakulêr mei it ferlies fan Marten Walinga tsjin de Italiaanske Andrea Perano. Nei twa omgongen giene Jelle Wiersma en Auke Zijlstra oan ’e lieding; hja wûnen as iennigen twa partijen. Ald-kampioen FRYSK! Jelle Wiersma ferlear dêrnei. Auke Zijlstra gie in hoartsje ferrassend oan de lieding, oant er yn de fyfde omloop ferlear fan Hein de Vries. De omgong dêrnei wûn er lykwols wer fan Marten Walinga, en dêrnei hie Auke yn de lêste omgong genôch oan in remize tsjin Dicky van der Meer. De mei him gelyk steande Hein de Vries ferlear fan de Tsjechyske Petra Duskova, sadat Auke Zijlstra in heal punt foarsprong op Hein yn de skoat smiten krige.

F.l.n.r.: Henk Haanstra, Auke Zijlstra en Tsjerk Wijbenga (foto: Stifting WFD)

De útslach:

1. Auke Zijlstra – 5p
2-5. Hein de Vries, Dicky van der Meer, Jouke Algra, Petra Duskova – 4,5p
5-10. Jelle Wiersma, Henk Haanstra, Andreia Perano, Alexej Domchev, Davide Gemma – 4p
11-12. Marten Walinga, Folkert Groenveld – 3p
13. Renaud Braye – 2,5p
14-15. Paolo Falea, Ties Slagter – 2p
16. Tsjerk Wijbenga – 0,5p

Sjoch ek frisiandraughts.com.

maart 5, 2023 18:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.