- Finalisten jubilearjend SjONG bekend
- Minysympoasium oer iten en drinken
- Jongereinpanel fan asega’s helpt DINGtiid mei Frysk taaladvys
- Basisskoalle wint Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer
- Roman oer bline rjochter en dokter, dy’t berntsje út bûtenlân adoptearje wolle
- Iepening foto-útstalling Henk Kuiper mei boekpresintaasje fan syn soan Elmar Kuiper
Arjan Hut: Foar bern is it oars
Resint ferskynd
Yn it foarjier komt al jierrenlang in groepke Fryske dichters byinoar om nije fersen te skriuwen foar it FeRstival. Dat is de Fryske foardrachtkriich foar de jongerein. Nee, sels binne wy gjin bern mear, allegearre grutte minsken, guon fan ús ha al bernsbern. We besykje ús yn te libjen yn de wrâld fan bern yn it fuortset ûnderwiis. Ek dizze jûn. Dat falt net altyd ta. “Sa tinkt in bern dochs net”, is ien fan de fêste kommentaren as wy ús gedichten-yn-oanbou presintearje. Of: “Dit wurd is fierste âldfrinzich!”

FeRstival skriuwgroep fan foar de pandemy, mei Carla van der Zwaag. (boarne: Tresoar)
De besetting fan de FeRstivalgroep feroaret mei de jierren, mar altyd binne we mei in stik of sân, acht. Ien fan de dielnimmende skriuwers wie Carla van der Zwaag (1951). Nei it folgjen fan ferskate poëzijworkshops en it ôfstrunen fan iepen poadiums, debutearre sy koartlyn mei de bondel Mika-eagen. Op side 30 stiet it gedicht Fytse, dat sa úteinset:
Sa as har ruten rok
wynderje har blond hier en
it rêchpân fan har winterjas.
Fuotsjes peddelje omraak.Op myn e-bike
helje ik har yn.
Sy sjocht op,
laket breedút.
Hjir fytst de dichter achter in omraak peddeljend bern oan. Ja, sa giet soks, de jongerein hat de sokken deryn en is net mear by te hâlden, behalve mei sa’n fette e-bike! Bern moatte wol hurd fytse, want drok drok drok. Mei skoalle – dat is al in fulltime-baan – mar ek sitte se op sporten, bespylje ynstruminten en nimme filmkes op foar TikTok. Ut en troch is der even gelegenheid om op de rêch te sitten mei in mobyltsje, in enerzjydrankje te drinken en shootergames te spyljen. Dichters begripe soks.
Hast fernim ik
dat se my folget.
Wa is dit ingeltsje?

Mika-eagen ferskynde by útjouwerij Hispel
Ien fan de nije FeRstivaldichters fertelt dat har heit eartiids gauris sei fan “Bist fyftjin, gjin fiif!” No skriuwt se as folwoeksene in gedicht oer in famke fan fyftjin dat langet nei de tiid dat se fiif wie. (In soarte fan poëtysk Droste-effekt.) Van der Zwaag sjocht yn har bondel ek gauris werom op har jeugd. Mankelike fersen binne it net. Wat west hat, hat west, de dichter stiet stevich yn it ‘no’. Krekt as in bern.
In oare FeRstivaldichter wol har ynspirearje litte troch de aktualiteit. In ferwizing nei de gedoente oer ‘Lentekriebels’ fan de ôfrûne wike, kin dat? Net elk fan de groep hat it meikrige. En net elk dy’t it meikrige hat, wit hoe’t it sit. “In anatomysk korrekte plestik klitoris soarge foar opwining”, sis ik. In foarljochtingsprogramma foar de basisskoalle. Grutte minsken fokten inoar op fia sosjale media, mei hieltyd fierder oanboazjende hyperboalen en beskuldigingen.
“Net mei de gleone kop, mar it ferstân foarop”, skreau Rink van der Velde. Dat hat net holpen. Rint oan de dichterstafel de temperatuer ek al op? Mwoah. We beslute dochs it ûnderwerp gewurde te litten. Earst even werom nei it gedicht fan Van der Zwaag. Wa is no dat ingeltsje?
As ik de jas útstrûp
sjoch ik mysels
doe’t ik lyts wie.
Hoe soe it wêze om lyts te wêzen… yn in wrâld dêr’t gleone koppen it ferstân op e-bikes foarbyrace? Earder yn ‘e wike joech ik poëzijworkshops op in basisskoalle yn de stêd. Gedichten oer de takomst mei groep 5-6, gedichten oer de Fryske befrijing mei groep 7-8. De kofjetafel stie net yn de leararekeamer (dy ha se dêr net), mar yn de hal. “Ik waard fan ’e moarn skille troch in mem”, seit ien fan de juffen. “Dy woe witte oft wy ek meidiene oan Lentekriebels.” Bûten sjogge we de bern oangean as wylden. “Ik sei fan, nee. Doe bleau it efkes stil.” De juf jit in bakje tee yn. “Seit dy mem ynienen, ‘…. mar ik wol klage!’”
Swiere wolken driuwe stadich oer de stêd. In stoarm fan iisrein bombardearret it skoalplein. Ik bin bliid dat ik binnen sit, mar foar de bern liket it oars. Se boartsje troch. Guon jubelje, guon fange mei iepen mûle de heilstiennen op. It is as sjoch ik nei mysels, doe’t ik lyts wie.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje