Anne Dykstra: Unfoech praat (20)

maart 22, 2023 08:00 Fernijd

Kollum

WC-skeel


Húske. Boarne: Wikimedia Commons CC BY-SA 4.0

De Afûk en ien fan syn oersetters hawwe ea skeel hân oer it wurd wc. De Afûk wie, terjochte, fan betinken dat wc Nederlânsk wie en dus waard it ôfkard. WC moast húske wurde. De oersetter wie it der net mei iens: “In húske is foar my in houten hokje boppe de jarrekolk of sleat, mei in hertsje yn ’e doar. Yn ’e huzen fan no hat men in wc.” Krekt as kin de betsjutting fan in wurd him net ûntjaan. Hawar, yn in bestjoersgearkomste is besletten dat wc stean bliuwe mocht.

Dat de betsjutting fan in wurd him ûntjaan kin, rommer wurde kin, sjogge we yn: “op de wc stie ik neist Johannes Brandsma” (Friesch Dagblad 3-8-1989) en yn: “de man dy’t neist my stie yn ’t toilet hie knap yn ’t waer sjoen” (Rink van der Velde). It is foar elkenien dúdlik dat hjir net twa manlju yn ’e selde húskepot stean te pisjen, mar dat se elk in pisbak ta har foldwaan ha. Sa’n apart foar manlju ynrjochte gelegenheid hjit fan urinoir, dêr’t we fansels urine yn weromkenne. Sûnt it útfinen fan it plastuitje kinne froulju har oars ek skoan rêde op it urinoir.

Takomme wike woansdei fierder

maart 22, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.