Anne Dykstra: Unfoech praat (19)

maart 15, 2023 07:59 Fernijd

Kollum

It toilet

In neutraal en ek wol wat deftich wurd foar húske is toilet. By toilet wurdt yn it WFT it Frânske wurd toilette as etymology opjûn. Toilette is wer de ferlytsingsfoarm fan toile, ‘linnen’, ‘doek’. Der wurdt wol oannommen dat it Nederlânske wurd dweil wer oan ’e basis fan toile lein hat. As dweil nei Frankryk en as toilet werom, dat koe minder. It etymologysk wurdboek fan Van Dale sketst de betsjuttingsûntjouwing likernôch sa: doek – kapmantel – oertrek fan in toilettafel – toilettafel – klaaikeamer – klaaikeamer mei húske – húske.

Boarne: Wikimedia Commons. CC BY-SA 3.0

As we it meartal toiletten brûke, dan bedoele we meast de romte yn in iepenbiere gelegenheid dêr’t de húskes binne. De toiletten kin ek in apart gebouke mei oantsjut wurde, op in stasjon of sa. Gauris wurket dêr in frou dy’t de boel skjinhâldt en soarget dat je ‘na gedane zaken’ net ferwezen tsjin in lege húskepapierhâlder oan sitte te sjen. Sokke froulju hjitte altyd toiletjuffrou, noait toiletmefrou en ek noait húskefrou of wc-juffrou of sa. Der binne oars ek wolris manlju oan it wurk yn sa’n iepenbier húske. Hoe soene sokken hjitte? Toiletmenhear? Manager fan ’e wiete seksje?

Oare wike woansdei wer fierder.

 

 

maart 15, 2023 07:59 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.