Anne Dykstra: Unfoech praat (18)

maart 8, 2023 08:00 Fernijd

Kollum

De plee

Boarne: Wikimedia Commons CC BY-SA 3.0

In plee wie, krekt as earder it húske, in apart hokje om yn te poepen en te pisjen. We sjogge dat bygelyks yn in boek fan Tiny Mulder út 1981: ‘Jan moast daliks de plee ynwije. Dat wie in los hokje yn it lân in eintsje efter de keet’.
Anne Wadman neamt yn 1985 de plee ek, dat wie ‘in apart houten hokje mei in lid boppe de jimmeroan stjonkende en yn ‘e simmer fan allerhande soarten miggen omgûnze tûne’.
It is no sa’n fjirtich jier letter, en miggen binne der hast net mear. Sa hurd giet dat dus, mar we hiene it oer de plee.

Wy hawwe it wurd plee grif út it Nederlânsk. Ewoud Sanders hat yn syn taalrubryk yn de NRC sjen litten dat de oarsprong fan plee lykwols yn it Frânsk leit. Plee kaam ek as pleti foar neffens Sanders. Sadwaande soe it neffens him út it Frânske plaît-il ‘wat belieft u’ ûntstien wêze kinne.
Ien fan Sanders syn lêzers fûn yn J. Kramers’ Algemeene Kunstwoordentolk (1847) it definitive bewiis foar dy etymology. Under it wurd plaisir yn dat wurdboek stiet: ‘plait-il? [spr. plèti], wat belieft u, wat is er van uwe dienst, wat zegt ge? Ook als substantief euphemistisch gebezigd voor secreet, geheim gemak, in de wandeling de platie.’

 

 

maart 8, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.