Anne Dykstra: Unfoech praat (17)
Resint ferskynd
Kollum
Wuh
Yn in fermidden út Oerterp wie earder it húske in taboewurd, want it waard beskôge as in eufemistyske ferkoarting fan it ûnfatsoenlike wurd skythús(ke). Yn datselde fermidden waard fan de op himsels al eufemistyske ôfkoarting wc allinnich de earste letter útsprutsen, net as wee, sa’t je tinke soene, mar as wùh: “ik moat efkes nei de wùh.” Ik haw sels ek wol ris heard dat lju allinne de earste letter fan wc brûkten, mar dan waard it al as wee útsprutsen.
It is my trouwens in riedsel wêrom’t guon minsken yn in selskip melde dat se even nei it húske moatte. Wat hat in oar dêrmei nedich? Ik hoech it yn alle gefallen net te witten dat se nei it fertrek gean dêr’t de keizer alline giet of dêr’t de keizer te foet giet. De lêste útdrukking is begjin 1800 al fêstlein troch P.C. Scheltema: Hy giet der di Keiser ta foet komt, hy gaat naar het Secret om aldaar zijn boodschap te doen.
Oare wike woansdei mear.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje