Anna Maria van Schurmanlêzing troch Annette Nobuntu Mul op 6 april
Resint ferskynd
- Yn Kanadeesk nasjonaal park twa minsken troch grizzlybear dea 0
- Wetterfûgels oerwinterje yn fûgelrêstgebieten 0
- In ‘ûndûbeldsinnige’ Fryske identiteit kin ek in hiel positive rol spylje 1
- 32 ‘Utsteld gelok’-ferhalen sammele yn blomlêzing 0
- Nederlânsk Blazers Ensemble spilet ‘Stories from the East’ 0
De Anna Maria van Schurmanlêzing 2023 yn Ljouwert ûnthjit tige ynspirearjend te wurden. Dy wurdt dit jier nammentlik fersoarge troch Annette Nobuntu Mul, oprjochtster fan de Ubunty Society. De titel fan har lêzing is in Súd-Afrikaanske: ‘Opsoek naar Ubuntu’.
Ubuntu, útdroegen troch minsken as Mandela en Tutu, stiet foar ‘ik bin omdat wy binne’. Us hjoeddeiske wrâld raast om omtinken foar ymmateriële fraachstikken en foar ús omtinken mei de ierde en foarinoar. Annette Mul kin as gjin oar oanjaan hokker lessen oft fan betsjutting wêze kinne foar in ferbûn Fryslân en in ferbûn Ljouwert. Hja wurket by de Ynternasjonale Skoalle foar Filosofy en sil har boek Opsoek naar Ubuntu sinjearje. De winneres fan de African Recognition Award 2017 wurdt ornaris beselskippe troch har libbenspartner Jan Terlouw.
Nei in tige persoanlike en ynspirearjende lêzing fan Annette Mul sil Wini Weidenaar in sprutsen kollum fersoargje. Hja is ‘lûker’ fan tal fan maatskiplike projekten en aktyf by de beweging Ministearje fan de Takomst. Dy brûzjende ‘minister fan de takomst’ wûn yn 2021 de Frou yn de Media Award Fryslân.
Fan septimber 2023 ôf sjongt Janneke Warringa yn har teäterprogramma Ubuntu oer ferbining en dialooch. Hja wurdt û.o. begelaat troch de lanlik bekende pianist Peter van der Zwaag. By de Doarpstsjerke Huzum binne se der grutsk op dat Janneke Warringa op de ynspiraasjejûn alfêst in stikmannich fan har moaiste Ubuntu-lieten hearre litte sil.

Janneke Warringa (eigen foto)
Op dy wize biedt Kultuerpoadium Huzum diskear in ‘trijeklapper’ oan. De lêzing is neamd nei Anna Maria van Schurman, ien fan de grutste froulike yntellektuelen yn de Gouden Iuw. Doetiids brocht sy geregeld besite oan famylje yn Abbingastate (no Drachtsterplein) en oan de Doarpstsjerke Huzum.
Anna Maria van Schurmanlêzing
Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum, Ljouwert;
Tongersdei 6 april 2023 om 20.00 oere.
De tagongspriis is € 6 de persoan. Tagongskaarten kinne fan tefoaren digitaal oanskaft wurde fia it Ticketkantoor: www.ticketkantoor.nl/shop/Schurmanlezing. By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).
Mear ynformaasje is te finen op www.dorpskerkhuizum.nl en www.facebook.com/dorpskerkhuizum.

Doarpstsjerke Huzum (foto: Jan de Vries)
Se wie ek in befleine folgeling van Jezus Christus. Se wenne yn in kommune mei oare kristenen, en se hiene dêr gjin priveebesit, se hiene alles mienskiplik. It kin lêzen wurde yn har autobiografy Eucleria.