Amazon jout kommende wiken nochris tûzenen meiwurkers dien

maart 25, 2023 08:37

It Amerikaanske bedriuw Amazon skrast de kommende wiken wrâldwiid nochris 9000 banen. It is de twadde grutte ûntslachomgong by it techkonsern. Yn jannewaris ferlearen 18.000 meiwurkers harren baan.

Amazon-distribúsjesintrum yn Antwerpen (foto: Wikipedia/Lodevermeiren – CC BY-SA 4.0)

Topman Andy Jassy makke it nijs buorkundich yn in e-mail oan it personiel. Under mear cloudtsjinst AWS, de advertinsjetûke en streamingtsjinst Twitch wurde troch de nije ûntslachomgong rekke. De tûzenen banen dy’t it ynternasjonale bedriuw skrast, binne in fraksje fan it folsleine personielsbestân fan 1,6 miljoen wrâldwiid.

Amazon hat yn Nederlân in besoarchsintrum by Skiphol. Fakbûn FNV rûst dat dêr tusken 150 en 200 minsken wurkje. It is net dúdlik oft de nije ûntslachomgong gefolgen hat foar de meiwurkers dêr.

“It wie in dreech beslút, mar ien dy’t neffens ús it bêste is foar it bedriuw op de lange termyn”, skriuwt Jassy yn it iepenbier makke berjocht op de webside. Krekt as oare grutte techbedriuwen sit Amazon, nei it jierrenlang tanimmen fan winst, yn in rûzige perioade mei ôffallende jiersifers. Hy leit yn it berjocht út wêrom’t der wachte is mei it buorkundich meitsjen fan it nije manmachtige ûntslach. By de foarige ûntslachomgong soene noch net alle ôfdielingen harren analyze ôfrûne hawwe. Neffens de topman is derfoar keazen om de minsken dy’t rekke binne sa gau mooglik dúdlikheid te jaan.

Yn de koroanarite hat Amazon in protte nije meiwurkers oannommen. Fanwegen de tichtplicht wie it bestellen fan produkten fia webwinkels in geweldich tanommen. Hûnderttûzenen fakatueres waarden ynfolle om oan de fraach foldwaan te kinnen. Mar krekt as by oare grutte techbedriuwen yn de Feriene Steaten is der sûnt 2021 in delgeande line yn de winsten, mei troch ekonomyske tsjinwyn. Amazon sleat 2022 ôf mei reade sifers.

maart 25, 2023 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.