Alde en nije myten

maart 6, 2023 08:53

Skôging troch Bouke Slofstra

De nijste útstalling yn it Fries Museum is foar elkenien oan te rieden: Vrijheid, vetes en vagevuur. De eksposysje beljochtet de midsiuwen yn de Fryske lannen sawol yn ’e breedte as yn ’e djipte. De wielde en rykdom fan de âlde Friezen, de Fryske frijheid, de fetemaatskippij, de machtige rol fan tsjerke en kleaster, de krústochten en it útinoar fallen fan de Fryske wrâld yn ’e lette midsiuwen – alles wurdt beneamd en besprutsen.

Fryske soldaat, Cornelius Kempius (1588)
Boarne: Universiteitsbiblioteek, Leien

Nije boarnen en ynsichten ûntbrekke net. In skreaune tekst út Súd-Spanje giet nei alle gedachten oer Friezen. In pear (sa’t it liket) izeren kearsestanders út it depot fan it museum blike ûnderdielen fan kletsys te wêzen: houten spearen en/of polsstokken mei kuorren oan de ûnderkant. Oarlochsark en sieraden út alle Fryske lannen (fan Westerlauwersk Fryslân oant by de Wezer) binne garre en útstald. De katalogus hat in hege kwaliteit.

It is in goed ding dat konservators en wittenskippers fan binnen en bûten Fryslân yngeand gearwurke ha, lykas ek it gefal wie by de eardere útstalling oer de Wytsingen (de Noarmannen).

Mei de midsiuwske fetemaatskippij mei syn fjochterij en geweld, en sûnder de literêre hichtepunten, dy’t op oare plakken wol skreaun waarden, wie Fryslân net it moaiste lân fan ’e ierde. En dat mei fansels bêst sein wurde, troch elkenien binnen en bûten de provinsje.

Is der dan neat te lêbjen oer de útstalling?

Jawol. It is in bysaak, mar wol in bysaak dy’t neamd wurde moat. En dat is de sabeare “demystifikaasje” of “ûntmytologisearring”. Dy is benammen werom te finen yn it podcastpraatsje fan Herman Pleij, de ferneamde flotte sprekker oer de midsiuwen. Dizze útstalling soe ôfweevje mei it Fryske selsbyld fan de âlde, frije boererepublyk en de myten fan Grutte Pier en de Slach by Warns. Mar dat is der wol in bytsje by troch. Al dy demystifikaasje dy’t hy neamt is al desennia ferlyn yn It Beaken, De Vrije Fries en sokke blêden ferskynd. Dy stikken wiene faak troch meiwurkers fan de Fryske Akademy skreaun. Fan in mytysk selsbyld is yn dy artikels alteast neat te fernimmen. Alle Friezen dy’t wol ris in boek lêze binne no wol bekeard.

Dat allegeduerigen praten oer dat sabeare selsbyld, it is my allegearre bêst. Mar it lestige fan sokke sabeare demystifikaasje is it feit dat oare myten dêrmei yn stân holden wurde of sels nij skepen. Hoefolle binne der net dy’t wier leauwe dat Bonifatius net yn Dokkum mar yn Flaanderen ferstoarn is, suver en allinnich omdat in groepke ynternetpublisisten dat sa hawwe wol? Dy myte oer Dokkum soe betocht en hanthavene wêze troch nasjonalistyske Fryske histoarisy. Unsin fansels, mar mei de myte fan it Fryske selsbyld wurdt alle ûnsin op in stuit wierheid.

Boarne: Frysk Museum

De útdrukking “het noorden”, dy’t it museum brûkt, is spitigernôch ek net goed keazen. Wy ha “Fryslân” troch “it noarden” ferfongen, skriuwe de gearstallers sels yn harren katalogus. Dat hawwe se net. Se sizze yndied wol fan “it noarden”, mar se ha de term “Fryslân” net ferfongen. Yn alle publikaasjes oer midsiuwsk Fryslân wurde begripen as “de Fryske lannen” brûkt. Dat wurdt mei sin dien, om misbegryp foar te kommen. “Het Noorden” is in suver Hollânske útdrukking, dy’t de besiker op ’e doele bringt. It is in myte, better sein.

De Fryske lannen fan de midsiuwen wiene net folslein Frysktalich, en bleaune dat yn alle gefallen net. Dat is algemien bekend. Je kinne net ferwachtsje dat sa’n útstalling grôtfol Aldfryske sitaten sit. Mar wat wy no sjogge is wol in bytsje it oare uterste. Der is in útfergrutte foto fan it manuskript ‘Hunsingo’ te sjen, en dat wie it wol sa likernôch. Dit heart spitigernôch by de algemiene publikaasjekultuer fan hjoed-de-dei. It Ald- en Nijfrysk komme oan de krapperein, en dat draacht wer by oan de ientalich Hollânske myte fan tsjintwurdich. Alles moat Nederlânsk wêze.

It kin ek betsjutte dat it Dútsk oan ’e krapperein komt. It sil de besiker opfallen wêze dat gâns artefakten út East-Fryslân en fierder weikamen, bygelyks út Jever. Ik soe graach sjen dat dizze útstalling ek nei Dútslân ta kaam. Lykas de eksposysje oer hantsjemieren alias Hollandgänger, dy’t foar fjouwer jier yn Ljouwert en Lingen te sjen wie.

It Dútske publyk sil ommers nei alle gedachten minder fan it Fryske ferline witte as it Westerlauwersk Fryske. Yn Fryslân en Grinslân bestiet in byld fan de âlde Friezen, dat miskien net hielendal doocht, mar it is wol in byld. Wa’t oer die verrekte Vraizen prottelet, wit yn alle gefallen dat der soks as Vraizen bestiet of bestien hat. East-Fryslân is in útbuorren fan Grinslân mei de namme Fryslân. Men wit by wize fan sprekken net better as dat de Fryske kultuer en eigenheid in spultsje fan teedrinken is, en net mear as twa, trije pear iuwen âld. Sealter Friezen begripe (of begriepen) faak net dat harren taal eigenskippen befettet fan it Aldfrysk, oars as it Nederdútsk fan de grutte krite dy’t Ostfriesland hjit. Dat is allegearre myte-boppe-myte. In útwreiding fan dizze goede en moaie útstalling (want dat is it perfoarst) soe in soad ljocht yn it tsjuster bringe.

Der is op It Nijs in soad omtinken oan de eksposysje jûn. Hjirûnder steane de keppelingen nei de wichtichste berjochten.

maart 6, 2023 08:53
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Tido Specht maart 9, 17:49

    “Men wit by wize fan sprekken net better as dat de Fryske kultuer en eigenheid in spultsje fan teedrinken is, en net mear as twa, trije pear iuwen âld.”
    Dat kloppet sa net. De Fryske skiednis is yn East-Fryslân wol deeglik bekend. Miskien net sa sterk as yn Fryslân, mar de measte East-Friezen witte wat de Fryske frijheid wie en kenne de haadlinen fan de Fryske skiednis. It is net allinnich mar teedrinke 😉
    Los dêrfan soe ik it fansels geweldich fine as dizze tentoanstelling ea nei East-Fryslân komt. Sorry foar eventuele taalflaters, ik ha my rêden mei Frysker.nl. Myn memmetaal is Eastfrysk (Plat ). Groeten út East-Fryslân!

  2. Eric maart 10, 10:12

    Untmytologisearring wurdt meast brûkt troch lju dy’t in oare myte nei foaren skowe. Neutraliteit bestiet net, it wurdt gauris brûkt as in wurd dat de eigen superioriteit beklammet: ‘ik bin neutraal, do bist befoaroardield’. Wol binne der gradaasjes fan wierheidsleafde, fan ynformearre wêze.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.