8 maart: Ynternasjonale Frouljusdei

maart 8, 2023 07:00 Fernijd

De Ynternasjonale Frouljusdei wurdt alle jierren op 8 maart holden. Hy stiet wrâldwiid yn it teken fan striidberens en it gefoel fan solidariteit fan froulju. Meastentiids hat dy dei in spesjaal tema.
In spesjale frouljusdei ûntstie yn 1908, doe’t yn New York fyftjintûzen froulju opkamen foar harren rjochten, ûnder mear op it mêd fan arbeid en frouljuskiesrjocht. Yn 1911 waard de Frouljusdei foar it earst ynternasjonaal fierd, yn 1912 foar it earst yn Nederlân.

Yn Nederlân fiert in grut ferskaat oan frouljusgroepen en -organisaasjes de achtste maart op alderhande manieren. It doel is om omtinken te freegjen foar tema’s as ekonomyske selsstannigens, seksueel geweld, soarch en arbeid, diskriminaasje en rasisme.

It ynternasjonale tema fan dit jier is #EmbraceEquity. Dêr ropt de organisaasje froulju wrâldwiid mei op om har yn te setten foar ynklusiviteit, ferskaat en gelykweardiens. Mar ek om har út te sprekken tsjin stereotypearring, foaroardielen en diskriminaasje. Neffens de organisaasje kinne froulju sa in wrâld meitsje dêr’t ferskillen yn fierd en wurdearre wurde.

Yn Nederlân is it tema fan ’t jier: Unbeheind leefber. De Nederlânske organisaasje: “Us libbensomjouwing liket hieltyd beheinder te wurden. Wat kinne froulju yn ’e mande mei manlju dwaan om it libben wer ûnbeheind leefber te meitsjen?”

www.pixabay.com

maart 8, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.