Doede Wiersma: Ezeltsje-ride

maart 26, 2023 07:00 Fernijd

Oertinking

Wa’t wolris yn it paleis fan ’e ‘Sinnekening’ yn Versailles west hat, dy seach dêr oan ’e muorren it iene grutte skilderij nei it oare fan ruters op hynders. Yn grutte stêden sjogge wy ruterstânbylden fan keningen en oare pommeranten. Dat hearde sa by de status fan sokke mannen, dat se heech te pearde sieten.

Jezus komt as kening nei Jeruzalem, mar Hy rydt net op in hynder, en ek net yn in gouden koets mei acht hynders derfoar, net yn in Bentley of in Rolls Roys. Jezus rydt op in ezel…
Oars preke Er yn likenissen fan wurden, dit is in byld-likenis. Hy, dy’t fan syn tolfde ôf dwaande wie mei it ‘Boek fan syn Heit’, spilet dat Er de kening wêze wol sa’t Sacharja dy beskriuwt:

“Sjoch, Jeruzalem, dyn kening komt nei dy ta, rjochtfeardich…
Hy is needrich en rydt op in ezel” (Sacharja 9:9).

Adriaen van Wesel, Jezus op de ezel.
Museum Catharijneconvent CC0

De mear as hûndert siden dy’t ik oer it ezeltsje-riden fan Jezus lies, falle wei by de fiif siden dy’t dr Hasselaar der oer skreau. (Hy folge dr. Van Ruler op as tsjerklik heechlearaar yn Utert en wie dat fan 1971-1983). Hy skriuwt oer ‘needrich’: “Dyn kening komt ta dy yn tagonklikens. Hy is foar elk berikber, skept gjin ôfstân. Dizze kening is de neiste fan en foar allegearre. Harren alderneiste. (…) Men kin oersette mei needrich of minlik, yn alle gefallen mei it tsjinoerstelde fan heechmoedich en grutsk” (Beluisterde schriftwoorden, 1988).
It ezeltsje-riden lit sjen hoe’t Jezus, as de rjochtfeardige, hert hat foar minsken en foaral foar de lytsen en de swakken. Troch op in ezel sitten te gean, wol Er mei harren op eachhichte komme.

Foar joad en foar heiden
– Hy stoar foar har beiden –
bringt hy yn genede,
syn blydskip en frede,
Hy rydt op in ezel, dat elk Him sa sjocht,
de Hear dy’t it seit en it docht.

út Liet 550: 3 (Gesang 42: 3)

En oan ús de útdaging om ek tagonklik te wêzen.

Lêze: Sacharja 9:9-10

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
maart 26, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.