Doede Wiersma: De rjochtfeardige wint libben op ’e dea
Resint ferskynd
Oertinking
Earst hearde ik fan myn frou, dy’t operaasjesuster wie, in soad oer dokters dy’t bytiden fochten foar minskelibbens. Letter besocht ik as dominy gemeenteleden, as regel alle wiken op tiisdei, yn it sikehûs. Ik hearde en seach wat der barde en kaam der djip fan ûnder de yndruk. Sa haw ik ek grutte bewûndering foar dokters en ferpleechsters dy’t foar ‘Tsjerke yn Aksje’ of oare organisaasjes yn ûntwikkelingslannen wurkje.
Seagen wy foarige wike dat Jezus foar ‘ljocht’ soarget yn it bestean fan minsken, dizze wike hearre wy oer syn ynset foar it ‘libben’ (Johannes 11). Dêryn beäntwurdet Jezus oan it ideaal fan opfieding, want
“de rjochtfeardige is in boarne fan libben” (Spreuken 10:11),
“de rjochtfeardige ‘makket’ libben, om’t it him om gerjochtichheid en leafde te dwaan is” (Spreuken 21:21).
Hoe’t Jezus libben bringt? Op in dei kaam Er op in plak dêr’t in soad siken en handicapten wiene. It wie in soarte fan sanatoarium om in fiver hinne. Somtiden kaam it wetter yn beweging en wa’t dan it earst deryn wie, koe better wurde. Jezus ‘seach’ in man en hearde fan him dat er dêr al achtentritich jier lei. It ferpleechhûs hie de namme ‘Hûs fan barmhertigens’. Mar it koe der ûnbarmhertich om wei gean. Dy man hie achtentritich jier lang noait earst west. En, sa seit er, ik ha gjin minske dy’t my yn de fiver bringe kin. Achtentritich jier wie yn dy tiid de gemiddelde libbensferwachting. Hy wie dus al âld. Mar foar Jezus net te âld. Jezus makke him sûn (Johannes 5:1-9).

Pieter Aertsen, De genêzing fan de lamme (publyk domein)
In jonkje wie op it strân, pakte seestjerren op dy’t yn ’e sinne leine dea te gean, en brocht se yn ’e libbensrêdende see. In grutte man sei: Wat makket it út. Doe sei it jonkje: foar dizze makket it wol wat út en smiet de seestjer yn it wetter.
Sa wol Jezus dat jo en ik aktyf wurde foar dy iene “dy’t gjin minske hat” (Johannes 5:7).
Lêze: Johannes 5:19-24
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje