2022 wie goed wynjier yn Nederlân
Resint ferskynd
Nederlânske wynboeren hawwe yn 2022 in rekôr oan druven rispe. Hja koene der goed 9800 hektoliter wyn fan meitsje, tritich persint mear as yn 2021. De kwaliteit fan de wyn wie ek poerbêst.

Foto: pixabay.com
Dat lei benammen oan de waarme maitiid, doe’t der net folle froast wie. En de simmer wie waarm en drûch mei in soad sinne-oeren.

Foto: pixabay.com
Foar it ferbouwen fan druven is spesjale grûn nedich. De wynbou komt benammen oan de eastgrins ta opbloei, dus yn Limburch, Gelderlân, Oerisel en Drinte, mar ek yn Fryslân binne wyngerds. Troch it klimaat yn Nederlân wurde ynstee fan tradisjonele druverassen, lykas merlot en cabernet sauvignon, faak fariaasjes keazen dy’t tsjin skimmelsykten bestân binne, de saneamde hybride rassen. De bekendste en meast foarkommende rassen yn Nederlân binne auxerrois, pinot noir, solaris, johanniter, souvignier gris, regint en cabernet cortis.
Likernôch twa treddepart is wite wyn, de rest reade wyn of rosee. Alle jierren is in hieltyd grutter part dêrfan pearelwyn of mûssearjende wyn út Nederlân.
As it giet om de kwaliteit, is oer de ôfrûne jierren in opgeande line te sjen. In Nederlânske wyn is in spesjaliteit, minsken sykje nei produkten dy’t tichteby hûs makke binne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje