180 bunder natuergrûn mei SKNL-subsydzje yn 2022
Resint ferskynd
Mei help fan de subsydzjeregeling Kwaliteitsimpuls Natuur en Landschap (SKNL) is ferline jier yn Fryslân 180 bunder natuergrûn realisearre. Deputearre Douwe Hoogland brocht op 8 maart in besite oan wetterbuffelmelkerij MTS Jongsma yn Nijhoarne, dy’t ek oan de regeling meidocht.

Foto: Provinsje Fryslân
De iepenstellingen yn 2021 hawwe yn totaal goed 300 bunder oan goedkarde SKNL-oanfragen opsmiten. Grûneigeners hawwe dêrnei in jier de tiid om de omfoarming fan lânbou nei natuer by de notaris fêst te lizzen (in Kwalitative Ferplichting). Dat is yn 2022 foar 180 bunder bard. Dêr wie 105 bunder fan by partikulieren en 75 bunder by terreinbehearende organisaasjes.
Deputearre Douwe Hoogland: “It is te fernimmen dat der hieltyd mear maatwurk nedich is foar de SKNL. Dat hat foar in grut part te meitsjen mei de ûntwikkelingen op it boerehiem, bygelyks it Mienskiplik Lânbou Belied en it ruiljen fan grûn. Mar der binne ek grûneigeners dy’t harren grûn ferpachtsje, it petear mei harren pachters freget soms tiid. Om dy grûneigeners ek de mooglikheid te jaan mei te dwaan is der yn guon gefallen útstel jûn fan de termyn dêr’t de Kwalitative Ferplichting klear op wêze moat. Wy fine it wichtich om tiid te jaan om dat maatwurk ek mooglik te meitsjen. Want de SKNL is in moaie regeling om yn ’e mande mei partikulieren ynfolling te jaan oan de realisaasje fan it Natuernetwurk Nederlân.”
Nije wurkwize
Mei de SKNL kinne grûneigeners lânbougrûn omfoarmje nei natuer en sa oan partikulier natuerbehear dwaan. Omdat de wurkwize fan de SKNL op 1 jannewaris 2022 feroare is, stelde de provinsje Fryslân de regeling yn 2021 noch twa kear iepen op de ‘âlde’ wize. Foarhinne krige de grûneigener nammentlik in ôfwurdearringsbedrach fan maksimaal 85 prosint fan de lânbouwearde. Sûnt 2022 wurdt it bedrach bepaald oan ’e hân fan twa taksaasjes: ien fan de hjoeddeistige lânbouwearde fan de grûn en ien fan de takomstige natuerwearde.
Sûnt 2017 is der yn totaal goed 400 bunder realisearre mei de SKNL. De provinsje jout goed fjirtjin miljoen euro oan subsydzje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje