‘Winterjûnenocht’ – literêre jûn mei Sjoerd Bottema yn De Wier Koarnjum

febrewaris 11, 2023 08:31 Fernijd

Sjoerd Bottema lêst op sneontejûn 25 febrewaris it ferhaal ‘Winterjûnenocht’ foar út de bondel De grize oer de grouwe. De wûnderbern Klaasje en Klaske, de âlde skarreler Jappy Hummel en de duvelske Keimpe Jakkeles: wêr sil dat op útdraaie? In nostalgysk horrorferhaal út de fyftiger en sechtiger jierren fan de foarige iuw. Tuskentroch draait Bob de Boer muzyk út dy tiid.

Sjoerd Bottema skreau romans, ferhalen en toaniel. Syn wurk is in miks fan tradysje en eksperimint, wylst ek de humor net ûntbrekt. Yn 2020 ferskynde in nije ferhalebondel: De grize oer de grouwe, ‘klassikers’ dêr’t de skriuwer syn eigen draai oan jout. Yn 2020 wûn Sjoerd Bottema in Rely Jorritsmapriis foar syn ferhaal ‘De sjongende ridder’.

“Foarfallen binne dan wol nommen út âlde boeken, mar troch de skriuwer sa nei syn hân set, dat der neat âldfrinzichs fan oerbleaun is. Sa hat de skriuwer in prachtige draai jûn oan âlde teksten en dêr – tige betûft – in nije bestsjutting foar fûn.” (Doeke Sijens, ­Ljouwerter Krante)

“In goeie ferteller fan folksferhalen fertelt net de platte wierheid, mar in subtyl fertelde wiisheid. Bottema is sa’n ferteller” (Jaap Krol, Frysk Deiblêd)

Sneontejûn 25 febrewaris 2023
De Wier 5, 9056 PM Koarnjum
Yntree € 7,50 de persoan
Oanfang 20.00 oere, doar iepen om 19.30 oere

Tagong allinich nei oanmelden: tel. 06-54763154 of fia bobdeboer@pinupsanddowns.com.

Poster: ©Bob de Boer Photography

febrewaris 11, 2023 08:31 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.