Wetterstof yn opkomst as enerzjyboarne
Resint ferskynd
Bedriuwen yn Fryslân kinne – as it oan de provinsje Fryslân leit – mear fan griene wetterstof as enerzjyboarne yn harren bedriuwsprosessen gebrûk meitsje. Wetterstof kin as ferfanging foar ierdgas tsjinje en oan in duorsumer maatskippij bydrage. De provinsje wol de beskikberens fan wetterstof fergrutsje troch de komst fan tankpunten te stypjen en ôftakking út it lanlike wetterstofnetwurk mooglik te meitsjen. Enerzjydeputearre Sietske Poepjes makke dy plannen woansdei bekend yn de Fryske Wetterstof Aginda.

Foto: Provinsje Fryslân
Yn it provinsjaal enerzjyprogramma binne wetterwaarmte en grien gas de wichtichste spearpunten. Boppedat binne der neffens deputearre Poepjes yn Fryslân kânsen foar suksesfolle tapassingen fan griene wetterstof. Lokaal kin it in oplossing wêze foar enerzjyproblemen dêr’t oare enerzjyboarnen problematysk binne, bygelyks troch oerbelêsting op it enerzjynet. It omsetten fan opwekke elektrisiteit dy’t net brûkt wurde kin yn wetterstof soarget derfoar dat dy elektrisiteit net ferlern giet, mar opslein wurdt en letter brûkt wurde kin.
Wetterstof is ek nijsgjirrich as brânstof foar swier ferfier, lykas binnenfeartskippen en frachtweinen. Wetterstof hat in grutter berik en tankt folle flugger as it opladen fan in batterij. Uteinlik binne der grutte mooglikheden foar Fryske bedriuwen om mei wetterstof ynnovative oplossingen te ûntwikkeljen en sa nije fertsjinnersmodellen te meitsjen. Dêr profitearret de Fryske ekonomy fan.
Fryslân stelt in kertiermakker oan om gearwurkingsferbannen op te rjochtsjen. Dêrfoar sjocht de provinsje nei de buorlju, de provinsjes Grinslân en Drinte, mar ek nei it Dútske Nedersaksen. Troch dy gearwurking hopet de deputearre mear wetterstofprojekten fan ’e grûn te krijen. De provinsje sil sels sjen hoe’t it gebrûk fan griene wetterstof makliker te meitsjen is yn bygelyks iepenbier ferfier en by ynfrastrukturele wurken.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje