Waarpraatsje: Rêstich en myld
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie in hiel rêstige moandei en lang om let kaam de sinne der, yn it grutste part fan Fryslân, noch wol efkes by. It bliuwt foarearst stabyl waar.
Moandeitenacht kin der op guon plakken damp ûntstean en by hast gjin wyn leit de temperatuer ticht by it friespunt.
Tiisdei hat de sinne it wer hiel dreech. It kin lang dampich bliuwe en letter is de loft berûn. Yn ‘e rin fan ‘e middei soe de sinne troch de bewolking hinne brekke kinne. Der stiet net in soad wyn en it sil 8 graden wurde.
De oare dagen fan dizze wike bliuwt it myld.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje