Waarpraatsje: Myld wykein

febrewaris 3, 2023 19:04

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Wier winter wol it mar net wurde, mar takomme wike wurdt it wol wer wat kâlder mei froast yn ‘e nacht.

Sneon skynt de sinne sa út en troch, mar der is ek bewolking en in bytsje (sto)rein is net hielendal útsletten. Der stiet net in soad wyn en it wurdt 8 graden.

Snein liket in kreaze dei te wurden. It bliuwt, sa goed as, drûch en wy sille grif de sinne wol sjen. By in matige noardewyn wurdt it 7 graden.

Fan moandei ôf krije wy in drûge rite mei mear sinne en wat kâlder waar. Oerdei is it in graad of 5 en yn ‘e nachten kin it in pear graden frieze.

Jan Brinksma

febrewaris 3, 2023 19:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.