Waarpraatsje: Kâlde nachten

febrewaris 6, 2023 18:53

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in strieljende moandei krije wy in kâlde nacht en dat bliuwt in pear dagen sa. Oerdei leit de temperatuer rom boppe it friespunt.

Moandeitenacht is it helder en op guon plakken kin damp ûntstean. Der stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar waait in matige sudewyn. Mear de provinsje yn friest it in pear graden, by de kust lâns bliuwt it krekt boppe 0.

Tiisdei kin it earst dampich wêze, mar letter komt de sinne der ek by. Yn ‘e middei rekket de loft, nei alle gedachten, foar it grutste part berûn. Der is hast gjin wyn, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar stiet wer in matige sudewyn. It wurdt 4 graden.

Woansdei feroaret der hast neat oan it rêstige winterwaar.

Jan Brinksma

febrewaris 6, 2023 18:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.