Waarpraatsje: Freed drûch

febrewaris 2, 2023 19:18

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in suterige tongersdei, mar foar freed sjocht it waar der kreas út.

Tongersdeitenacht wurdt it drûch. De westewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 7 graden.

Freed skynt de sinne sa út en troch, mar der is ek bewolking. It bliuwt wol drûch. De wyn út it westen oant noardwesten is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. Mei 9 graden is it myld.

Yn it wykein bliuwt de temperatuer heech.

Jan Brinksma

 

febrewaris 2, 2023 19:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.