Utrikking LF2028-prizen by Iepen Mienskipfûnsjûn

febrewaris 5, 2023 08:41

Op tongersdei 2 febrewaris waard de grutte Iepen Mienskipsfûnsjûn holden yn it Posthûs Teater op It Hearrenfean. In feestlike jûn dêr’t de krêft fan de Fryske frijwilliger sintraal stie. Op dy jûn rikte deputearre Klaas Fokkinga de LF2028-prizen út.

Foto: Marcel van Kammen

De oanmoedigingspriis is beskikber steld út it Iepen Mienskipsfûns (IMF) yn gearwurking mei Arcadia. De priis bestiet út 2028 euro. Nei eltse iepenstellingsperioade fan it IMF, kiest de sjuery in winner út trije nominearre IMF-projekten de regio.

Mei alle inisjatyfnimmers, gearwurkingspartners, kommisjeleden en elkenien dy’t belutsen is by de leefberens yn Fryslân, waard de krêft fan de Fryske frijwilligers fierd. Direkteur Ingrid van de Vegte fan it Frysk Sosjaal Planburo (FSP) gie yn har presintaasje yn op de wearde fan mienskipsinisjativen foar de leefberens yn Fryslân. “Friezen wolle graach sels inisjatyf nimme en it IMF stimulearret dat”, sei frou van de Vegte. Har advys wie om as oerheid sa ticht mooglik by it inisjatyf fan de boarger te bliuwen.

Direkteur Immie Jonkman fan Arcadia joech oan hiel bliid te wêzen mei it Iepen Mienskipsfûns. Se rôp dan ek op: “Lit dit asjeblyft bestean.” Jonkman doelt op it feit dat it hjoeddeiske IMF ophâldt nei 2023. Deputearre Klaas Fokkinga fan de provinsje Fryslân heakke deroan ta dat it IMF de mienskip moaier makket. “En de mienskip dêr draait it om”, seit Fokkinga. It is oan de nije Steateleden oft en yn hokker foarm der in ferfolch wêze sil.

Utrikking bonusprizen
Fokkinga rikte dizze jûn de LF2028-bonusprizen út oan de projekten dy’t it bêste bydrage oan de wearden fan Arcadia: ‘Hoe sjocht de wrâld derút dêr’tsto yn libje wolst? Wat wolst neilitte oan dyn bern en bernsbern?’ By Arcadia leauwe se dat wy mei-inoar soargje kinne foar in moaie(re) wrâld. En keunst helpt ús dêr by: om mei-inoar te praten, om te learen faninoar en om mei-inoar de skouders derûnder te setten. De bonusprizen binne útrikt oan: Samen van Kunst aan Huis naar Kunst uit Huis (regio Noardeast), Voedselbos Stiens (regio Noardwest), Jeugdroeien Skylge (regio Waadeilannen), Activiteiten Haulerwyk (regio Súdeast) en Helden fan Boalsert (regio Súdwest).

Taheakke: sjueryrapport 1e tender 2023.

febrewaris 5, 2023 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.