Undersyk: dit binne de meast romantyske gemeenten fan Fryslân
Resint ferskynd
Foar romantyk moat men yn Fryslân foaral op ’e Waadeilannen wêze. Skiermûntseach is nammentlik de meast romantyske gemeente fan de provinsje, folge troch Flylân en Skylge. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan ThePerfectWedding.nl.

Foto: pexels.com
Om út te meitsjen wat de romantyske plakken fan Fryslân binne, brocht ThePerfectWedding.nl by elke gemeente achttjin ferskillende romantyske aspekten yn kaart. Yn de meast romantyske gemeenten lizze populêre lokaasjes foar bygelyksôfspraakjes om ’e hoeke. Dy gemeenten hawwe oer it algemien ek in idyllyske omjouwing en der binne genôch winkels dêr’t men in romantysk presintsje foar in dierbere keapje kin.
De Fryske Marren en Harns skoare ek goed
Wa’t op syk is nei in moaie bestimming yn ’e omkriten foar in ôfspraakje, hoecht net perfoarst op ’e fearboat te stappen. De gemeenten De Fryske Marren en Harns binne nl. ek goede opsjes. Dy gemeenten skoare goed op ferskate romantyske aspekten. De Fryske Marren hat yn ferhâlding mear winkels foar in romantysk kadoke en Harns is wat omjouwing oangiet romantysker.
Gemeenten dêr’t romantyk foarearst fier te sykjen is, binne neffens it ûndersyk Eaststellingwerf en Dantumadiel. Dy gemeenten skoare yn it ûndersyk provinsjaal én lanlik it leechst op it mêd fan romantyk.
Dit binne de meast romantyske plakjes fan Nederlân
Bûten Fryslân is der ek genôch te ûntdekken as men op syk nei in potsje romantyk is. Amsterdam komt út de bus as meast romantyske gemeente. Oare gemeenten dy’t heech skoare, binne Doesburg (Gelderlân), Inkhuzen (Noard-Hollân), Beek en Maastricht (beide Limburch) en Delft (Súd-Hollân).
Benijd hoe’t oare gemeenten binnen (en bûten) de provinsje skoare? Hjir is mear oer it ûndersyk te lêzen: www.theperfectwedding.nl/informatie/romantische-gemeente.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje