Unbekend Sealterfrysk wurdboek fûn

febrewaris 21, 2023 14:08

Taalûndersiker Menno Ehme Aden út East-Fryslân hat op syn webstee in Dútsk-Sealterfrysk wurdboek publisearre. It giet om in wurdboek dat de ferneamde Amerikaanske taalkundige Marron Fort yn de foarige iuw skreaun, mar nea útjûn hat. Fort hat wol in Sealterfrysk-Dútsk wurdboek útjûn.

Aden hat it manuskript lang lyn fan Fort krige en it no ynscand. It hat de titel “Kurzer saterfriesischer Grundwortschatz”. It boek befettet fyftich siden en jout in oanset ta in taalnoarm.

Sealterfrysk is in foarm fan Frysk dy’t praat wurdt yn de regio Sealterlân yn Dútslân. In lytse tsien persint fan de minsken dêr behearsket de taal noch.

It wurdboek is hjir te finen.

febrewaris 21, 2023 14:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.