Tûzenen minsken yn Turkije en Syrië bringe nacht bûten troch
Resint ferskynd
- Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer 0
- Belgyske plysje fynt stellen postpakketten werom 0
- YouTube heft blokkade âld-presidint Trump ek op 0
- Anna Maria van Schurmanlêzing troch Annette Nobuntu Mul op 6 april 1
- Doede Wiersma: De rjochtfeardige wint libben op ’e dea 0
Yn Turkije en Syrië hawwe in protte ierdskoddingsslachtoffers de ôfrûne nacht yn ’e bûtenlucht trochbrocht. Nei in skodding mei krêft 7,8 yn ’e nacht fan snein op moandei, folge moandei in beving fan 7,5. Tûzenen huzen binne ferrinnewearre en troch de neiskokken doarden in protte minsken net yn ’e hûs te sliepen.

Foto: morguefile.com
Rêdingsmeiwurkers hawwe de hiele nacht nei oerlibjenden socht. It wurk wie dreech troch it winterwaar. Troch snie binne de troffen gebieten min te berikken. Underwilens is út in protte lannen help ûnderweis.
It deadetal is oprûn ta boppe de 4800. Neffens rûzing binne der yn elts gefal 15.000 minsken ferwûne rekke. De Wrâldsûnensorganisaasje hat warskôge dat it deadetal oprinne kin oant 20.000. De Turkske presidint Erdogan hat in wike fan nasjonale rou oankundige. Turkije hat de NAVO ûnder mear om needfjildsikehuzen frege. Ut ferskate lannen wei is materieel en mankrêft ûnderweis of al oankommen. Sa lâne ôfrûne nacht bygelyks de Nederlânske syk- en rêdingsploech USAR yn Turkije. Dy bestiet út 65 minsken en acht rêdingshûnen. Ut lannen as Japan en Ruslân binne ek rêdingsploegen ûnderweis. De Amerikaanske presidint Biden hat sein dat Turkije op alle mooglike stipe rekkenje kin en Australië en Nij-Seelân hawwe omrekkene foar sa’n sân miljoen euro oan finansjele help tasein.
Iten en tekkens nei Damascus
Ut Irak en Iran wei binne fleantugen mei helpguod oankommen op de lofthaven fan Damascus. Oan board fan de Irakese tastellen is sa’n santich ton oan iten, medyske helpmiddels en tekkens.
Yn it easten fan Turkije hat opnij in slimme neiskok mei in krêft fan 5,7 west, berjochtet it Europeesk-Mediterrane Seismologysk Sintrum. Neffens it United States Geological Survey hawwe der sûnt de slimme skoddingen fan juster yn elts gefal hûndert neiskokken west mei in krêft fan 4 of heger. Dy neiskokken binne gefaarlik mei’t se fierdere skea oanrjochtsje kinne oan gebouwen dy’t al skansearre binne.
It Reade Krús hat giro 7244 iepene foar donaasjes oan de slachtoffers.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje