Tûke oplossingen socht foar 10% ekstra stikstofreduksje
Resint ferskynd
Troch op ’e goede mominten dong út te riden, kin de stikstofútstjit mei sa’n 5 oant 10% tebekkrongen wurde. Dêrom siket de provinsje Fryslân nei tûke oplossingen om boeren te motivearjen om by geunstige waarsomstannichheden te dongjen. De provinsje siket startende ûndernimmers dy’t meidwaan wolle oan dy stikstofútdaging en in bydrage leverje wolle oan it tebekkringen fan ’e totale stikstofútstjit.

Foto: Provinsje Fryslân
It doel is om boeren oer te heljen benammen by wynstil, damp of kâld waar te dongjen. Dy waarsomstannichheden binne it geunstichst foar it ferminderjen fan ’e stikstofútstjit, dy’t dan mei sa’n 5 oant 10% beheind wurdt. Foarsafier’t boeren soks yn ’e praktyk no al dogge, kin de útdaging him ek op it yn kaart bringen fan dy ynspanningen rjochtsje.
Stikstofútstjit ferminderje
Dizze útdaging is ien fan ’e wizen dêr’t op besocht wurdt om de stikstofútstjit te ferminderjen. Troch de provinsjes Grinslân, Drinte en Fryslân wurdt ek ynset op oare technyske ynnovaasjes en managementmaatregels yn ’e stâl en greide, it saneamde Laaghangend Fruit. Dêrneist sil ek yn it gebietsprogramma yn it Frysk Programma Lanlik Gebiet socht wurde nei stikstofredusearjende maatregels.
Ynbring fan startende ûndernimmers
De provinsje ropt starters op om mei mooglike oplossingen te kommen foar dizze útdaging en nei te tinken oer de wize wêrop’t dy it bêste yn ’e praktyk bocht wurde kinne. Njonken de stikstofútdaging hawwe ek noch in pear oare útdagingen ferlet fan ’e kennis en kunde fan begjinnende ûndernimmers. Starters kinne nammentlik ek meitinke oer de oermjittige groei fan wetterplanten, de wize dêr’t dy op transportearre wurde moatte en it efterlitten fan grienôffal op ’e wâlskanten. Troch mei nei te tinken oer dy opjeften, krije lytse startende bedriuwen de kâns om dy te realisearjen.
Meidwaan oan ’e útdaging
De bedoeling is dat de starters in oplossing betinke dy’t de boeren by steat stelt, ynformearret en motivearret om te dongen ûnder dêrfoar geunstige waarsomstannichheden. Starters dy’t meidwaan wolle, kinne har foar 1 maart fan dit jier oanmelde troch nei de webside fan Startup in Residence (SiR) Noard-Nederlân te gean (https://startupinresidence.com/noord-nederland/challenges) en te klikken op ’e útdaging “Reducing Nitrogen Emissions”. Startup yn Residence helpt de winnende ûndernimmers om harren oplossingen fierder út te wurkjen. Kursussen binne ek ûnderdiel fan it trajekt. It úteinlike doel is om de oplossingen dy’t betocht binne, te ferkeapjen oan in gemeente, provinsje of it Ryk.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje