Trijedielige FryslânDOK-searje ‘Rûzje wyn’
Resint ferskynd
De trijedielige FryslânDOK–searje ‘Rûzje wyn’ is in syktocht nei poëzy. Filmmakker Ester Eva Damen ferbynt har oantinkens oan Fryslân mei it wurk fan de eigentiidske dichters en performers Tsead Bruinja, Nynke Laverman en Elmar Kuiper. Fan 18 febrewaris ôf binne de films te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân.

Fragmint út ‘As de fisken’ fan Nynke Laverman (boarne: Ester Eva Damen)
De Fryske dichters Tsead Bruinja, Nynke Laverman en Elmar Kuiper brûke ferskillende talen yn harren wurk. Filmregisseur Ester Eva Damen makke mei harren in rige byldfertellingen om in Frysk gedicht hinne. In part fan har jeugd wenne Ester Eva yn Fryslân. Se kaam werom mei de kamera om oansluting te sykjen by in tiid dy’t se yn har libben apart set hie. It hearren fan de Fryske taal brocht har by fergetten gefoelens.
De trije dichters
Tsead Bruinja wennet en wurket yn Amsterdam. Hy wie yn 2019 en 2020 Dichter des Vaderlands. Ester Eva dielde mei him har oantinkens oan skuorrefeesten op it Fryske plattelân. Dat late ta in gedicht en de film Hok fan Rou.
Nynke Laverman is sjongeres en teätermakker. Ester Eva liet har ûnder mear ynspirearje troch in liettekst fan Nynke: ‘Kom as de fisken/kalm mei iepen eagen/ sûnder seare wurden’. Ut dy moeting is de film As de Fisken ûntstien.
Elmar Kuiper skriuwt, is keunstner en muzikant. Hy wurke jierrenlang yn in psychiatryske ynstelling. Gedichten fan Elmar oer syn perioade dêr brocht harren tegearre ta de foarstelling en film Minskewolf.
FryslânDOK ‘Rûzje wyn’
18/19 febrewaris diel 1 oer Hok fan Rou mei Tsead Bruinja
25/26 febrewaris diel 2 oer As de fisken mei Nynke Laverman
4/5 maart diel 3 oer Minskewolf mei Elmar Kuiper
NPO2 sneon 15.30 oere en snein 13.10 oere
Omrop Fryslân snein 17.00 oere (werhelling alle oeren)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje