Trije kandidaten foar Taalpriis Waadhoeke

febrewaris 14, 2023 10:24

It Franeker Diktee, de Trinus Riemersmadei en it Franeker Woardeboek binne nominearre foar de Taalpriis Waadhoeke. Dat hat de sjuery fan de priis bekend makke. De earste Taalpriis fan de fjouwertalige gemeente wurdt op 21 febrewaris, de UNESCO Dei fan de Memmetaal, útrikt op de Waadhoekster Taledei yn de biblioteek fan Frjentsjer.

Dy dei is der yn de biblioteek fan Frjentsjer fan 20.00 oant 22.00 oere in feestlik programma om de meartaligens fan de gemeente – mei neist it Nederlânsk ek ryk oan it Frysk, Bildts en Franekers – te fieren. De priis bestiet út in keunstwurk fan keramist Paulien Ploeger, spesjaal foar dizze priis makke.

Ien fan de kandidaten

De sjuery bestiet út trije minsken dy’t in protte mei taal en meartaligens dwaande binne: Jitske de Hoop (beliedsadviseur Fryske taal en kultuer en meartaligens by Omrop Fryslân), Sannah Debreczeni (trainee Frysk en meartaligens by Provinsje Fryslân) en Gerard de Jong (meartalichheidskoördinator by gemeente Waadhoeke).

“’t Idee achter de jaarlikse taalpriis en taaldâg is ’t ferskiet an ôns talen te fieren en sien late hoefeul at d’r gebeurt an taalpromoasy en -inisjativen,” seit De Jong, “en dat is best slaagd. Wij hewwe soafeul mooie, inspirerende en orizjinele nominasys kregen; ’t waar ’n hele haister om d’r drie út te pikken.”

Nominaasjes
Ut alle ynstjoeringen binne trije nominaasjes keazen dy’t kâns meitsje op de taalpriis: It Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers, foar it yn novimber 2022 holden Franeker Diktee; de Academie van Franeker, foar “In dei mei Trinus Riemersma” (oktober 2022; sjoch: Affysje Trinusdei 2022); en Wim Aalbers foar it skriuwen fan it Franeker Woardeboek, dat ein 2021 presintearre waard.

Feestlike jûn
De nominaasjes wurde taljochte en yn it sintsje set op tiisdei 21 febrewaris, yn de biblioteek fan Frjentsjer. Fan 20.00 oant 22.00 oere (ynrin fan 19.30 oere ôf) is der in feestlik programma mei û.o. in meartalige pubkwis troch Douwe Gerlof Heeringa, en fansels de útrikking fan de taalpriis oan de winner, troch taalwethâlder Jan Dijkstra. Elkenien is wolkom, de tagong is fergees.

febrewaris 14, 2023 10:24
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Hylke Beerstra febrewaris 15, 20:41

    Sjoch hjir in ympresje fan it Franeker Diktee:

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.