Takom wike tinksportevenemint Fryslân Iepen 2023

febrewaris 26, 2023 08:33

Tiisdei 28 febrewaris 2023 begjint yn Frjentsjer it tinksportevenemint Fryslân Open 2023. It bestiet út in searje toernoaien Frysk Damjen dy’t einiget mei it Sechde Wrâldkampioenskip FRYSK! op snein 5 maart.

Hoewol’t it evenemint twa kear net holden is fanwegen koroanamaatregels en it dielnimmen út Ruslân, Wyt-Ruslân en Oekraïne wei praktysk ûnmooglik is, is it tal dielnimmers dat him oanmeld hat heger as ea.

De ferskillende toernoaien:
– Tiisdei 28 febrewaris, Koarnbeurs Frjentsjer: Waadhoeke Toernoai FRYSK! foar basisskoallen;
– Woansdei-freed 1-3 maart, Tallships Suderkade Harns: Fryslân Iepen Frysk Damjen;
– Freed-sneon 3-4 maart, Planetarium en Riedhûs Frjentsjer: Grutmaster- en Masterkampioenskip;
– Sneon 4 maart, Koarnbeurs Frjentsjer: Kwalifikaasjetoernoai FRYSK!;
– Snein 5 maart, Riedhûs Frjentsjer: Sechde Wrâldkampioenskip FRYSK!.

FRYSK! is Frysk Damjen mei fiif skiven de spiler. Frysk Damjen is damjen op hûndert fjilden dêr’t diagonaal, horizontaal en fertikaal by slein wurdt.

Bysûndere mominten:
– Tiisdei 28 febrewaris, Bogt fan Guné Frjentsjer: iepening troch wethâlder Jan Dijkstra (kultuer) fan gemeente Waadhoeke;
– Tongersdei 2 maart, Tallships Suderkade Harns: demonstraasjepartij troch wethâlders Jan Dijkstra (kultuer) en René de Vries (sport) fan gemeente Waadhoeke;
– Snein 5 maart, Riedhûs Frjentsjer: priisútrikking en ôfsluting troch wethâlder René de Vries (sport) fan gemeente Waadhoeke en deputearre Friso Douwstra (sport) fan Provinsje Fryslân.

Details oer spilers, lokaasjes, tiden en eftergrûnen binne te finen yn taheakke programmaboekje. De organisaasje is yn hannen fan Stichting WFD.

febrewaris 26, 2023 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.