Taalfeestje: Kin it Frysk oerlibje?
Resint ferskynd
Ynstjoerd
De ‘Stifting Fierder mei it Frysk (BMD-Frysk)’ ûnder lieding fan foarsitter Rimmer Mulder en skriuwer Willem Verf hat as doel om in Brede Maatskiplike Dialooch te hâlden oer hoe’t it fierder moat mei it Frysk. Yn dat ramt wie der op 18 jannewaris 2023 in feestlike gearkomste yn it Provinsjehûs, dêr’t de Stifting it einferslach fan it op 12 juny 2022 yn Oentsjerk holden Taalfeestje oan deputearre Sietske Poepjes oanbea.
By de gearkomste wiene sa’n 25 persoanen oanwêzich mei in heech pommerantegehalte. De Ried fan de Fryske Beweging waard fertsjintwurdige troch ynterim-foarsitter Reinder Reitsma en ûnderskreaune. Dat it allegearre nochal swier keallet blykt wol út it feit dat pas nei mear as in healjier it einferslach fan dit saneamde Taalfeestje oan it provinsjaal bestjoer presintearre wurde koe.
Om de fraach hoe’t it fierder moat mei it Frysk te beäntwurdzjen wol de Stifting minstens tûzen groepspetearen organisearje mei in trochsneed fan it Fryske folk. De bedoeling is net om beropsfriezen te berikken, mar sljochtweihinne jongfolwoeksen Friezen dy’t, wol of net Frysktalich, aktyf yn it mienskipslibben binne. Sy bepale mei-inoar de takomst fan Fryslân, ek al binne se har dêr sels net bewust fan. In wichtige doelstelling fan de BMD-Frysk is dan ek om it bewustwêzen fan de jongerein oer de taal te fergrutsjen. As gefolch fan de koroanapandemy kaam it projekt dreech op gong, mar op 12 juny 2022 wie it dan lang om let safier dat as proef foar de nochal ambisjeuze opset in gearkomste yn kafee It Wapen fan Fryslân yn Oentsjerk holden waard.
Yn de gearkomste yn it Provinsjehûs joech Willem Verf, nei in wolkomstwurd fan Rimmer Mulder, in wiidweidich oersjoch oer de opset en de útkomsten fan it Taalfeestje op 12 juny. Boppedat waard in miny-dokumintêre fan it barren fertoand. Neffens Verf wie de opset in grut sukses. In represintative ôfspegeling fan de Fryske jongerein út Oentsjerk en de Trynwâlden, besteande út 28 jongelju (sawol wol as net Fryskpratend) die út harren sels oan de diskusjemiddei mei. De oanwêzigen giene yn twa groepen yn petear oer in stikmannich stellingen. Dielnimmers makken harren stânpunt kenber troch nei it “iens-”, “ûniens-” of “ik wit it net-/ik twifeljefek” te rinnen. Uteinlik smiet dat in risping oan stânpunten op, lykas:
1. Sûnder it Frysk is Fryslân net langer Fryslân
2. Men mei jin gerêst Fries neame ek al behearsket men de de taal net
3. Alle ynwenners fan Fryslân hearre it Frysk ferstean en lêze te kinnen
4. It is wol sa fatsoenlik om jin oan te passen oan de taal fan de persoan dêr’t men mei praat.
5. Wa’t Frysk prate kin, heart yn kontakt mei oaren yn it Frysk te begjinnen
Mei sa’n lytse groep kin men dit miny-ûndersyk fansels net represintatyf neame. Dêr is in grutskalige opset foar nedich, dy’t de Stifting dan ek ambiearret.
Om der foar de dielnimmers in noflike middei fan te meitsjen wiene der ek ferdivedearjende ûnderdielen as kofje, oranjekoeke, in hapke en drankje en muzyk. Sa song Piter Wilkens bygelyks in pear fan syn evergreens. Al mei al wie it in hiel smout barren.
By einsluten waard mei in knypeach it spesjaal troch Piter Wilkens komponearre liet ‘It Frysk giet fleurich nei de ein’ songen. Konkludearjend kin sein wurde dat de Stifting de opset geskikt achtet om út te rôljen oer de hiele provinsje.
Jehannes Elzinga,
bestjoerslid Ried fan de Fryske Beweging
Dit kin noch wol nijsgjirrich wurde, en lit Mulder en Verf mar moai trochgean. Mar persoanlik bin ik foar in hiel oare opsje. Wy kinne der folle better ien kear yn de moanne op út gean mei in groep(ke) oerstjûge foarstanners fan it Frysk yn de gruttere plakken yn Fryslân. Wy moatte dan twa kaartsjes by ús hawwe mei in foarprinte adres derop en in tekst. Op it iene kaartsje stiet, dat Frysk ûnderwiis oan fjouwer kritearia foldwaan moat. Dy fjouwer kritearia binne: Frysk ferstean kinne, Frysk prate kinne, Frysk lêze kinne, Frysk skriuwe kinne. It foarprinte adres soe dat fan de ûnderwiisynspeksje wêze kinne. Op it oare kaartsje stiet dat Fryslân in eigen grûnwet hawwe moat. Dat kaartsje soe tastjoerd wurde kinne oan it provinsjaal bestjoer yn Ljouwert (want dêr moatte de noazen earst allegearre deselde kant út). Der is al in tekst fan in Fryske grûnwet. Op de kaartsjes moat ek in plakje wêze foar in postsegel. Dy kaartsjes moatte safolle mooglik útrikt wurde oan minsken yn it publyk, dy’t wy tsjinkomme en dy’t it mei ús iens binne. Se moatte sels it kaartsje op de bus dwaan. Sa meitsje wy minsken op in aktive wize mandielich oan us aksje, Ik sjoch hjir folle mear yn as oan it meidwaan oan dat frijbliuwende yn en út praten sa’t Verf en Mulder dat wolle. Wat wol ris mei my oerlizze oer it organisearjen fan dy kuiertochten?